Plysje hat oerfallers fideoteek Snits noch net fûn en dielt dêrom kamerabylden

Ut de plysjebylden © Politie Fryslân
De plysje hat de twa Fryske oerfallers fan de fideoteek Videokring yn Snits noch net fûn. Dêrom hat de plysje no kamerabylden dield út it sintrum fan de stêd, dy't ferline wike tiisdei makke binne.
De twa fertochten binne manlju en se hiene bivakmûtsen op. Sy bedrigen de meiwurker fan de fideoteek oan de Nauwe Noorderhorne mei in lang foarwerp, nei in wrakseling slagge it de meiwurkers har nei bûten te wurkjen.
De oerfal barde tiisdei om 20.15 oere hinne. Fia de Kerksteeg en Kerkgracht naaiden de fertochten út, mei in ljochte fyts binne sy yn 'e rjochting fan de Prins Hendrikkade gien.
Oan de hân fan kamerabylden die bliken dat de manlju sa'n 20 jier âld wêze moatte en in swarte en griene jas droegen. De bivakmûtsen hawwe se op de flecht wer ôf dien. De manlju sprutsen Frysk mei-inoar.
Wa't mear sjoen hat of wit, kin kontakt opnimme mei de plysje.