Maksimaal 60 km yn de oere ride op provinsjale diken "te koart troch de bocht"

In provinsjale dyk yn Fryslân © ANP
Alle provinsjale 80-kilometer-diken werombringe nei 60 kilometer yn de oere is neffens deputearre Avine Fokkens "wat te kort door de bocht". Veilig Verkeer Nederland advisearret om it maksimum op 80-kilometer-diken te ferleegjen fanwege de feiligens.
Deputearre Fokkens wol ynsette op maatwurk, sa seit se. Minder hurd ride is ien fan de mooglikheden dy't ûndersocht wurde kinne. Oare maatregels lykas it fuortheljen fan bochten soene ek opsjes wêze kinne. Mar it oanpassen fan de maksimumsnelheid is seker net taboe.
Hoe't it maksimum op de provinsjale dyk nei Snits by Tsienzerbuorren nei 60 kilometer yn de oere gien is, fynt de deputearre in foarbyld fan hoe't soks kin. Dat barde yn oerlis mei de omwenners, omdat der in soad ûngelokken barden op dat stik dyk.
Oer hiel Nederlân besjoen fynt goed fjouwer op de tsien deadlike ûngelokken plak op provinsjale diken. Hoe hurd oft der riden wurdt, spilet dêrby meastentiids in rol, neffens Veilig Verkeer Nederland.

Warskôging

Fokkens warskôget derfoar om de 60 km net yn te fieren op plakken dêr't automobilisten it net logysk fine. Minsken wolle nei sa'n stik dyk noch wolris it gaspedaal yntraapje om de tiid dy't se foar harren gefoel kwyt binne, wer yn te heljen.
De Fryske deputearre stiet wol efter de doelstelling fan Veilig Verkeer Nederlân om wat te dwaan oan it tal deadlike ûngelokken.