Dronken Roemeen feroardiele dy't as 'in idioat' troch De Westereen ried

Plysje © ANP
In 25-jierrige Roemeen dy't ferline jier fierstente hurd en ûnder ynfloed troch De Westereen ried, is feroardiele. De rjochter lei twa wiken selstraf, 500 euro boete en in rydûntsizzing fan acht moannen op.
De Roemeen botste earst mei syn wein tsjin in parkearre bestelbus en ried dêrnei tsjin in pealtsje en in beam. De man naaide út, mar koe letter op de jûn wol oanholden wurde.
Trije oeren nei de botsing tsjin de beam hie de man noch hieltyd mear as 3,5 kear safolle alkohol op as tastien. In tsjûge ferklearre dat de man "als een gigantische idioot" troch De Westereen ried. It soe in wûnder wêze dat der gjinien dea rekke wie. De Roemeen hat it rydbewiis ynleverje moatten.