Plysje pakt Snitser mei ynbrekkersark op it Ljouwerter stasjon

Plysje © ANP
In 29-jierrige ynwenner fan Snits is op it stasjon fan Ljouwert oanholden. De fertochte mei net mei de trein reizgje en nei fûillearjen die bliken dat er ark foar dieverij by him hie.
De man waard oansprutsen troch de plysje fanwegen in reisferbod mei de trein. De fertochte is bekend by de plysje fanwegen stellerij by winkels.
Op de klean droech de man materiaal om deteksjepoarten te omsilen. Dit ark is yn beslach naam en der is in proses-ferbaal opmakke foar it skeinen fan it reisferbod en it foar hannen hawwen fan ynbrekkersark.