Kâns dat minister Adema yn april in lânbou-akkoart hat is lyts, want it oerlis rint stroef

Minister Piet Adema op in buorkerij © ANP
It lânbou-akkoart dat minister Piet Adema fan Lânbou foar eagen hat, is noch lang net yn sicht. Dat docht bliken út dokuminten dy't yn hannen fan de NOS binne.
De ferslaggen geane oer it ferrin fan de ûnderhannelingen tusken agraryske organisaasjes en it kabinet. Guon belutsenen neame de kâns dat der in akkoart komt net grut, wylst dy der eins yn april wêze moat.
Yn oktober wie it sels noch de bedoeling dat der al yn jannewaris of febrewaris in akkoart wêze soe, doe't bekend makke waard dat it kabinet de oanbefellings fan it stikstofrapport fan Johan Remkes foar in grut part oernimme soe. Dêrby hearde ek in lânbou-akkoart, "met richtinggevende afspraken over de toekomst van de landbouw."

It sjit noch net op

It kabinet wol in plan foar boeren dy't net ophâlde, mar ferduorsumje of ferpleatse wolle. It fertsjinnersmodel foar de boer soe yn it akkoart sintraal stean moatte. Minister Adema fan De Wylgen is fan doel mei it akkoart boeren in takomstperspektyf te jaan, yn oerlis mei provinsjes, natuerorganisaasjes en boeren sels.
Sûnt desimber wurdt der al praat, mar de stikstofkrisis hinget der as in donkere wolk boppe. Yn 2030 moat de stikstofútstjit yn 131 gebieten mei 70 persint werombrocht wêze. En yn april soe mear bekend wurde moatte oer de 3.000 pykbelêsters.
Tagelyk waard tongersdei dúdlik dat de útstjit fan broeikasgassen en stikstof yn de lânbou hast net ôfnaam is yn de lêste jierren. Neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) is it werombringen stagnearre. De hege produksje yn de lânbou hat in priis, it leit in hege druk op it miljeu en it bistewolwêzen, sa lit it CBS witte.

Sektor hâldt fêst oan ynnovaasje

Ut de petearferslaggen docht bliken dat ferskate partijen it takomstperspektyf noch net goed genôch fine. Sa sjocht de melk- en keallesektor neat yn it ramt dat it kabinet meijûn hat, de molkeproduksje soe wolris mei goed in tredde weromrinne kinne, tinke sy.
Adema nei ien fan de oerlizzen yn Zaltbommel © ANP
Agraryske organisaasjes hâlde benammen fêst oan ynnovaasje om stikstof werom te bringen, lykas it brûken fan oar foer. Mar dêr ferwachtet de oerheid net folle fan. Alle sektoaren oan tafel freegje mear oerheidsstipe foar ûntwikkelingen en ynnovaasje.

Oars sels in plan

Minister Adema skreau ferline wike oan de Twadde Keamer dat de petearen 'rinne' en dat der 'karren makke wurde.' Hy sei ek dat as it net slagget, hy mei in kabinetsplan komt 'foar de transysje fan de lânbou.'
Begjin april soe der in konseptakkoart lizze moatte, mar oft dat der echt komt, is dus noch mar de fraach.