Feteraan (92) wint earste partij Iepen Frysk kampioenskip damjen: "Ik hie him by 't ear!"

Op de Iepen Kampioenskippen Frysk damjen yn Frjentsjer hat de 92-jierrige damfeteraan Sjoerd Couperus fan Wommels woansdei syn earste partij wûn fan Rein Jan Walinga.
Couperus is fierwei de âldste dielnimmer oan it ynternasjonale toernoai. It wedstriidfjild is in kombinaasje fan sterke Fryske dammers en bûtenlânske topdammers. Dy spilen woansdei harren earste partijen yn de roef fan tallship Elizabeth yn Frjentsjer.
Meast op de app
Couperus is mei syn 92 jier noch lang net útdamd. Hy damt hjoed-de-dei meastentiids fia de Frysk dammen-app, mar doe't him de kâns foardie om oan in ynternasjonaal toernoai mei te dwaan, hat er himsels fuortendaalks ynskreaun.
"Je wurde op dizze leeftiid net better, mar oan myn ûnthâld mankearret neat." Oan syn oerwinning op Walinga belibbe Couperus ek de nedige wille. "Ik hie him by 't ear!"
Walinga wie minder bliid. "Je wolle beide graach winne, mar hy wie de bêste. Alle respekt mei syn 92 jier." De dammers fan it Fryske spul beskôgje inoar as in grutte famylje. Op it boerd is de striid fûl, mar de neisit moat ek gesellich wêze.
Couperus en Walinga oer harren earste partij
Yn leeftiid rint it dielnimmersfjild bot útinoar. want damtalint Porter Richardson (14) út Monster nimt it dizze wike op tsjin manlju dy't maklik syn heit of pake wêze kinne. Ek by de ynternasjonale dielnimmers sitte ferskate toppers lykas damgrutmaster Jean Marc Ndjofang út Kameroen.
Hy fynt de Fryske damfariant tige nijsgjirrich en is ek fan doel om dy te yntrodusearjen yn Afrika. "As ik sjoch hoefolle jonge spilers wy hawwe kin de takomst fan de damsport wolris yn Afrika lizze", sa seit Ndjofang.
"Ek de takomst fan it Frysk damjen kin best ris yn Afrika lizze." In oare gefaarlike bûtenlânske dielnimmer is damwrâldkampioene by de froujlju Darya Tkachenko.
Fryske kânshawwers binne Folkert Groenveld, Jelle Wiersma, Marten Walinga en Taeke Kooistra. It damevenemint duorret oant en mei snein. Leafhawwers kinne de partijen folgje op de website Frisian Draughts.