Baudet en Wilders fine wegering FNV-debat Burgum "belachelijk" en "schandalig"

Ek de lanlike kopstikken hawwe har no utere oer it wegerjen fan Forum voor Democratie en PVV by in FNV-ferkiezingsdebat yn Burgum. PVV-partijlieder Geert Wilders ropt sels op it FNV-lidmaatskip op te sizzen.
It fakbûn FNV hat witte litten gjin partijen ta te litten dy't haat siedzje of diskriminearje op basis fan komôf of leauwen. Dêrom binne de partijen net wolkom by it debat op 11 maart yn Glinstra State yn Burgum.
FvD Fryslân fynt it 'absurd' en stelt dat in demokrasy wêryn't wichtige opposysjepartijen útsletten wurde foar debatten gjin demokrasy is. "We binden de strijd aan met woorden en argumenten, niet door elkaar de mond te snoeren."
De provinsjale fraksje krijt byfal fan de lanlike partijlieder. Baudet lit op sosjale media yn kapitale letters witte it 'belachelijk' te finen. Forum wie by de foarige Steateferkiezingen mei seis sitten noch de grutte winner yn Fryslân.
Wilders ropt op FNV-lidmaatskip op te sizzen
Ek de Fryske ôfdieling fan de PVV is teloarsteld oer it beslút fan it fakbûn. Geert Wilders hat as lanlik foaroanman fan de partij witte litten it 'schandalig' te finen. Hy seit: "Het barst van de PVV-stemmers bij de FNV. Die stemmen al lang geen PvdA meer namelijk." Wilders ropt dêrom op it lidmaatskip by it FNV op te sizzen.

Fansels is it ferkiezingstiid, giet it om provinsjale en net om lanlike ferkiezingen en hawwe alle partijen ferlet fan omtinken, mar ek oare partijen fine de kar fan it fakbûn net goed.
Ferskate fraksjes hawwe oanjûn FvD en PVV te stypjen en har sels werom te lûken foar it debat. De measten fan har jouwe oan dat partijen demokratysk keazen wurde en stimmers fertsjintwurdigje: útsluting soe dêrom ferkeard wêze. It giet yn elts gefal om CDA, VVD, BBB, CU, FNP en BVNL.