Friso Snits yn fiifsetter ûnderút tsjin Zwolle

Friso Snits © Dijks Media
Friso Snits hat de twadde wedstriid fan de kampioenspûl yn de earedivyzje follybal mei 3-2 ferlern fan VC Zwolle.
Yn de earste set bleau it oant de ein spannend. Uteinlik wie Zwolle it meast gelokkich: 26-24. Fan spanning wie yn de twadde set gjin sprake. Friso Snits wie in stik sterker: 12-25. Dêrmei wie de wedstriid wer yn lykwicht: 1-1.
De Snitsers koenen it oerwicht yn de twadde set lykwols net trochlûke nei de tredde set. Snits moast de setwinst sels oan de thúsploech litte: 25-19. De druk stie der dêrtroch fol op yn it fjirde part fan de wedstriid, elts setferlies hy fataal west. Nei in tige spannende set lutsen de Snitsers krekt oan it langste ein: 26-28. Dêrmei waard it 2-2.
It wie lykwols net mear as útstel fan eksekúsje. Yn de fiifde set wie Zwolle de baas: 15-11. Dêrmei einige de wedstriid yn 3-2 foar de Zwollenaren.