PVV en FvD wegere foar FNV-ferkiezingsdebat yn Burgum, oare partijen sizze ôf

© ANP
Politike partijen PVV en Forum voor Democratie meie net meidwaan oan in FNV-ferkiezingsdebat yn Burgum op 11 maart. De lanlike tak fan it fakbûn hat besletten om beide partijen te wegerjen by harren debatten, dy't troch it hiele lân organisearre wurde.
"Wy binne bot teloarsteld yn it beslút", seit Max Aardema fan de PVV. "Wy dogge as partij al 12 jier mei oan it politike spultsje en dan ferwachtest datst gewoan meidwaan meist." Aardema fynt it skandalich en neamt it in 'minachting foar de demokrasy.'
Dochs krige de partij te hearren dat se net wolkom binne. "Wy soenen útspraken dien hawwe dy't net oerienkomme mei de gedachten fan de FNV. Mar in debat giet no krekt oer dat ferskaat oan reaksjes en gedachten."

Haat siedzje en diskriminaasje

De FNV lit yn in skriftlike ferklearring witte dat se al jierrenlang it belied fiere dat partijen dy't yn harren uteringen haat siedzje of diskriminearje op basis fan komôf of leauwen net útnûge wurde foar harren debatten. Dêrom waarden de PVV en FvD wegere foar de debatten foar de Provinsjale Steateferkiezingen. It fakbûn koe gjin fierdere taljochting jaan.
Yntusken hawwe oare partijen witte litten dat sy foar it debat ôfsizze as de FNV by har beslút bliuwt. It giet yn elts gefal om it CDA, de VVD, de BBB, de ChristenUnie en de FNP.

"Dit is gjin demokrasy"

"Lit ik foaropsette dat ik it net iens bin mei stânpunten fan de partijen", seit CDA-listlûker Friso Douwstra. "Mar dit is gjin demokrasy. Je kinne op foarhân gjin minsken en partijen útslute. De demokrasy stiet al sa ûnder druk, dus dan moat dit hielendal net. Wêr lûke je dan in line?"
"Yn Nederlân giet it om it debat en de ferskate stânpunten. De Haachske line fan de PVV en FVD stean fier fan my ôf, mar ik fyn dat it petear altyd bliuwe moat. As je partijen wegerje, dan kinne je likegoed fuortendaliks wol ophâlde. Wy wolle dus net mear komme."
"Dat is wol netsjes, mar sy kinne fansels ek net oars", seit Max Aardema oer de stipe fan de oare partijen. "Sy soene gjin kniper op 'e noas wurdich wêze as sy der hinne gean wylst sy witte dat oaren net komme meie. Dus sy kinne ek net echt oars."
Der wurde op 11 maart twa debatten hâlden yn Burgum. Yn de middei ien organisearre troch de FNV. Yn de jûn ien fan de jagersferiening. De PVV hopet noch meidwaan te kinnen oan it FNV-debat.