Wetterlieding fan 530 meter yn ien stik ferpleatst op It Hearrenfean

In wetterlieding fan 530 meter troch de strjitten fan It Hearrenfean
Der moat in nij plak komme foar de wetterlieding dy't ûnder de dyk tusken Oranjewâld en It Hearrenfean sit. Dy leit op dit stuit yn it paad. Dat is in flinke put, want de buis moat hielendal ûnder de A32 troch.
Mei in spesjale technyk wurdt de buis fan de iene nei de oare kant lutsen. De ôfrûne dagen is de tunnel dêr't de buis trochhinne moat al groeven. It giet eins sa't je tintestokken opsette en ôfbrekke. Eltse kear komt der oan de iene kant in buis by, oan de oare kant giet der ien ôf.
De buis is 530 meter lang en wurdt yn ien stik ferpleatst. De buis is op in konstruksje mei in soarte fan konteners pleatst, sadat it ferkear der noch wol del kin.