Links en rjochts wolle greidefûgel beskermje, mar binne ferdield oer oanpak

In skries yn de Warkumerwaard © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Om de greidefûgel te beskermjen, meie rôfbisten ôfsketten wurde. Dat fynt hast de helte fan de Friezen, docht bliken út sifers fan it Kieskompas. Ien op de trije is derop tsjin.
Ek op de stelling 'Om de natuer te beskermjen moat it wetterpeil omheech, ek as boeren dêr lêst fan hawwe' reagearret hast de helte fan de Friezen posityf.
Wat opfalt, is dat minsken dy't it iens binne mei de iene stelling, faak tsjin de oare stelling binne.
De beskerming fan de greidefûgel is ien fan de tema's by de Provinsjale Steateferkiezingen fan 15 maart. Waarnimmend foarsitter Henk Minkes fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten seit dat dêroer dúdlike karren foar nedich binne.
En de provinsje kin echt it ferskil meitsje op dit ûnderwerp, seit Minkes, bygelyks as it giet om de bestriding fan rôfbisten en it behâlden fan de iepen romte.
Benammen minsken dy't by de Twadde Keamerferkiezingen fan 2021 rjochts of konservatyf stimd ha, fine dat rôfbisten ôfsketten wurde meie om greidefûgels te beskermjen. Sa is 72 prosint fan de BBB-stimmers it dermei iens, krekt as in mearderheid fan de minsken dy't CDA (67 prosint), ChristenUnie (62 prosint) of VVD (55 prosint) stimd ha.
Stimmers op linkse en progressive partijen wolle net dat rôfbisten ôfsketten wurde. Fan de achterban fan de Partij voor de Dieren is bygelyks mar 22 prosint foar dy maatregel. En ek ûnder GrienLinks-stimmers (30 prosint) en D66-stimmers (41 prosint) is net in soad entûsjasme.

Kieskompas

Oardel wike lyn lansearre Kieskompas yn gearwurking mei Omrop Fryslân in stimhelp, mei dêryn 30 stellingen. By de lêste telling hienen goed 16.000 minsken it Kieskompas foar Fryslân ynfolle.
Dit is wat de partijen oanjûn ha by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:
"Om it fuortbestean fan ús greidefûgels te beskermjen, meie rôfbisten ôfsketten wurde"
Folslein mei iens: BBB, Forum voor Democratie, JA21, VVD
Mei iens: FNP, PvdA, CDA, 50Plus, PVV, ChristenUnie, Provinciaal Belang Fryslân, D66
Neutraal: BVNL
Net mei iens: GrienLinks, AWP, SP
Folslein net mei iens: Partij voor de Dieren
Linkse en progressive stimmers sjogge mear yn it ferheegjen fan it wetterpeil om de natuer te beskermjen, ek as boeren dêr lêst fan hawwe. In heger wetterpeil soarget derfoar dat wjirmen foar folwoeksen fûgels wat tichter ûnder it opperflak lizze; maklik iten om op te pikken foar de fûgels dus.
Boppedat: as lân grutskalich en foar langere tiid ûnder wetter stiet - lykas fyftich jier werom hiel normaal wie - wurdt sa'n gebiet in stik minder oantreklik foar rôfbisten sûnder fleugels. Yn de maitiid drûget it lân dan wer op. Op en yn dat wiete bûtlân en healân tilde it eartiids ek op fan de greidefûgels.
In plasdrasgebiet foar greidefûgels yn de Noardlike Fryske Wâlden © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Fan de minsken dy't twa jier lyn op GrienLinks stimd ha, is 85 prosint foar it ferheegjen fan it wetterpeil. Ek stimmers op Partij voor de Dieren (82 prosint), D66 (71 prosint) en de PvdA (68 prosint) binne yn grutte mearderheid foar dy maatregel.
Under BBB- en Forum-stimmers is minder as ien fan de fjouwer minsken (24 prosint) foar it ferheegjen fan it wetterpeil. Ek by PVV'ers (28 prosint) en JA21'ers (31 prosint) is der net in soad entûsjasme.
Dit is wat de partijen oanjûn ha by ûndersteande stelling yn it Kieskompas:
"Om de natuer te beskermjen moat it wetterpeil omheech, ek as boeren dêr lêst fan hawwe"
Folslein mei iens: AWP, PvdA, Partij voor de Dieren, SP
Mei iens: ChristenUnie, D66, FNP, GrienLinks, Provinciaal Belang Fryslân
Neutraal: 50Plus
Net mei iens: CDA, JA21, PVV, VVD
Folslein net mei iens: BBB, BVNL, Forum voor Democratie
It Kieskompas wurdt mei mooglik makke troch in subsydzje fan it Fonds Bijzondere Journalistieke Projecten.