Donar-ikoan Dourisseau makket oerstap nei Aris Ljouwert

Jason Dourisseau makket it seizoen ôf by Aris Ljouwert. De 39-jierrige basketballer moat Bob Berghuis ferfange, dy't tydlik net spylje kin.
Dourisseau spile tsien seizoenen foar Donar Grins en wurdt dêr sjoen as in klupikoan. Hy waard mei Donar fiif kear lânskampioen en wûn fjouwer kear de beker.
Twa jier lyn stapte er werom nei amateurnivo. Yn Martiniplaza, de thúsbasis fan Donar, waard in tribune nei him ferneamd. Dêrneist krige er in earepinning fan de stêd Grins en sil der nea mear ien mei syn rêchnûmer acht spylje.
"Gezien zijn indrukwekkende carrière en ervaring als topsporter, zal de inzet van Jason Dourisseau hopelijk gaan bijdragen aan het verstevigen van het huidige team van Aris Leeuwarden, met als doel een goede eindklassering in de BNXT Gold League te behalen", skriuwt Aris.
Dourisseau mei fan nije wike moandei ôf útkomme yn wedstriden foar Aris.