Grutte belangstelling foar Feansterhof: "Eigenlijk ouderwets burenfatsoen"

In soad minsken hiene belangstelling foar de ynformaasjejûn oer it Feansterhof © RTV NOF, Mats Gies
Der wie flink wat belangstelling tiisdeitejûn foar de gearkomste oer it noch te bouwen Feansterhof yn Surhústerfean. Sa'n tachtich minsken, wêrûnder inkelde takomstige bewenners, kamen nei de seal fan De Dikke Draai om te harkjen nei it ferhaal fan de ûntwikkelder, Stichting Knarrenhof.
It Feansterhôf komt op it plak fan de âlde skoalle oan de Langelaan yn Surhústerfean. It is in plan foar de bou fan 25 wenningen: 'grondgebonden' huzen en apparteminten. It is de bedoeling dat de nije bewenners, benammen âlderen, mei syn allen aanst in 'mienskip' foarmje sille.

"Ouderwets burenfatsoen"

"De gedachte is eigenlijk ouderwets burenfatsoen", fertelt Peter Prak fan de Stichting Knarrenhof. "Als je denkt: de buren zijn ziek, dan breng je een pannetje soep of ga je een boodschapje voor ze doen. Je gaat samen kijken hoe je je oude dag zo onafhankelijk mogelijk kunt doen."
Yntusken is de helte fan de wenten reservearre troch takomstige bewenners. Ien fan harren is Klaas Lettinga fan Surhústerfean. "Ik haw in grutte tún en in hiele minne rêch. No ha wy noch de kâns om it sels te regeljen, mar as wy noch minder wurde, dan wurde wy miskien earne nei ta stjoerd."
Neffens makelder Ronnie van der Veen is der grut ferlet fan dit soarte fan wenten yn de omjouwing fan Surhústerfean. "Minsken bliuwe sitten yn de eigen wenning dy't somtiden oan de grutte kant is. Dêrtroch krijt de jeugd minder kâns en geane de prizen omheech. Wat dat oanbelanget is dit in moaie beweging."
It is de bedoeling dat takom simmer úteinset wurde kin mei de bou. De earste bewenners soene dan in jier letter harren wenning yn it Feansterhof yn gebrûk nimme kinne moatte.