Elizabeth ûndernimt yn Amearika: "Ik dream somtiden oer hjerring of rikke iel"

Elizabeth Dijkstra-de Vries foar it hûs dat se sels boud hawwe © Elizabeth Dijkstra - de Vries
Eanjumer Elizabeth Dijkstra-de Vries is hielendal op har plak yn Texas. Nei fjouwer yn Yndia wenne te hawwen gie se mei har man nei Amearika. De ûndernimmers hawwe it goed nei it sin en binne der wis fan: "Dêr wolle we foar altyd bliuwe".
"Mei myn man ha ik fan 2011 oant 2015 yn Yndia wenne foar in tydlik projekt", fertelt Dijkstra-de Vries. Sy soenen dêr yn earste ynstânsje oardel jier bliuwe, mar dat waard fjouwer jier. "It hat ús hiel bêst foldien. No binne wy yn Texas."

Bedriuwen

Yn Texas hat sy mei har man meardere bedriuwen. Hy komt ek út Fryslân. "Myn man komt út in ûndernimmershúshâlding, en ik ek. Yn Yndia ha wy saken yn de agraryske sektor sjoen dy't wy yn Amearika ek wol ferkeapje koenen."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
"Myn man hie dêr al trije bern, dêrom wie it bêst wol maklik foar ús", fertelt de Eanjumer. De bedriuwen mei produkten foar de agraryske sektor draaie yntusken goed. "Melkskorten, klean, guod foar de stâlen. Wy ha sân minsken foar ús oan it wurk en it giet hiel bêst."
De klean wurde makke yn in kleanfabryk yn Yndia, dêr ha se goed sicht op. "Wy fine it moai dat wy dat sels yn de hân hawwe, en der alle jierren hinne kinne."

Fan caravan nei eigen hûs

Om te kommen op it plak dêr't se no binne, moasten se hurd wurkje, fertelt se. "De earste oardel jier hienen we eins gjin sint. Wy ha earst yn in caravan wenne. It wie bêst te dwaan, mar net handich. Us heit en mem kamen op besite en wy koenen se net iens ûnder bringe."
Omdat se noch net sa lang yn Amearika wennen, koenen se mar dreech jild liene. "Wy ha úteinlik in hûs kocht mei jild fan in oar en dat fûn ik oergryslike spannend. Yn de jierren dêrnei binne ús bedriuwen rap groeid, Doe koenen we ús eigen hûs bouwe."
Elizabeth Dijkstra-de Vries mei har man © Elizabeth Dijkstra - de Vries
Se wenje no op in dreamplak, fynt Dijkstra-de Vries. "Wy wenje yn de canyon, sa hjit it. Ik sjoch út op dy canyon mei in mar, echt in dreamplak."
Sy libbet mei har man "The American Dream". Se leit út wat dat neffens har ynhâldt: "Asto in pear goede ideeën hast en do wolst hurd wurkje, dan kinne je it hiel moai ha. Fansels moatst ek risiko's nimme."

Fryslân

Se hat aardich wat famylje yn Amearika. Dochs mist se Fryslân wol. Dêr wenje har heit en mem en broers en sussen. En in protte freonen. Se komt dêrom wol gauris werom nei it noardeasten fan de provinsje.
"Ik mis Fryslân om de minsken", jout de Eanjumer ta. "En ik dream somtiden oer hjerring en rikke iel."