De toan fan Froukje Sijtsma: "Krêft fan in komplimint"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Wat hast leuke klean oan hjoed. Dat stiet dy echt goed," seit in kollega tsjin my yn it foarbygean. Ik wurd fuort read en wit net rjocht wat ik mei it komplimint oan moat.
Resolút bêdzje ik de aardige wurden del. "Ja jong, ik haw efkes yn de opromming te sjoppen west." Myn kollega heakket der fuort op yn: "Wêrom skowe Nederlanners kompliminten dochs altyd fuort oan de kant?"
It petear iepene foar my de eagen, want ik wie my der hielendal net bewust fan dat ik aardige wurden oan it weiwiuwen wie.
De toan fan Froukje Sijtsma
Dêrom besykje ik no ris wat te oars te sizzen as ik in komplimint krij. Bygelyks: "Wat aardich. Tankewol, ik bin der sels ek hiel bliid mei."
It is hjoed Nasjonale Komplimintedei. In dei spesjaal om minsken bewust te meitsjen hoe't se mei kompliminten omgean kinne. Want it docht bliken dat wy yn Nederlân net sa goed binne yn it oannimmen fan leuke opmerkingen. Wy fiele ús dermei oantangele en skeakelje it leafst sa gau as mooglik oer op in oar ûnderwerp.
Wêr't wy yn ús kikkerlantsje trouwens ek net goed yn binne, is it jáán fan kompliminten. Folle better binne wy yn it seuren, eameljen en rabjen hoe ferkeard oaren it allegearre wol net dogge. Mar as ien ris in 'dikke tomme omheech' fertsjinnet, dan hâlde we ús leaver stil. Blykber fiele wy ús net sa noflik by it útdielen fan in plom of in fear.
En dat wylst it hiel goed is om just wolris wat faker in komplimint te jaan. It wurket ommers al omraak by lytse bern. Ast oan in berntsje fertelst hoe grutsk ast bist as se sels op it potsje kinne, en net langer in ruft fol sitte te stinnen, dan fielt in bern him hiel grutsk en wol hy fansels ek folgjende kear wer sjen litte hoe selsstannich hy al is.
En dêrom is it goed om, just op oare mominten dyn wurdearring foar ien út te sprekken, en net allinnich mei it jierlikse beoardielingsgesprek of it krystpakket. Want ek al wurde minsken fansels betelle om harren wurk goed te dwaan, it is lang net altyd fanselssprekkend dat dat ek goed dien wurdt.
Fansels is der troch wittenskippers ûndersyk dien nei de krêft fan it komplimint. Wurknimmers dy't út en troch in miend komplimint krije fan harren wurkjouwer of fan oare kollega's, krije mear selsfertrouwen. En se jouwe der ûnbewust ek wat foar werom.
Want minsken dy't har sjoen en wurdearre fiele, litte as tsjinprestaasje ek mear ynset en respekt sjen. Bygelyks ris in kertierke langer trochwurkje of in stapke hurder sette op mominten dat it efkes alle heins op 't dek is.
En it moaie fan it krijen fan kompliminten is, datst sels ek royaler wurdst om ientsje út te dielen. Net allinnich op it wurk, mar ek tsjin dyn leafsten of just tsjin frjemden. En dan silst sjen: de krêft fan it komplimint is dat it hast neat kostet, mar wol in hiel soad opleveret."