Milan van Ewijk wol hegerop: "Dit is mijn laatste seizoen bij Heerenveen"

Milan van Ewijk is dwaande mei syn twadde seizoen by sc Hearrenfean en as it oan de rappe rjochterfleugelferdigener leit, is dit ek syn lêste jier yn Fryslân. "Ik ben toe aan een stap hogerop."
Yn jannewaris wie der al ynteresse fan it Ingelske Fulham en ek it Portugeeske Sporting en PSV hawwe Van Ewijk heech op it listje stean.
"Voor mij is het alleen maar genieten. Vier jaar terug speelde ik nog bij de amateurs van Excelsior Maassluis en nu hebben topclubs interesse voor me. Daar kan je toch alleen maar van stralen", seit Van Ewijk sels.
Milan van Ewijk hopet dat dit syn lêste jier lyn Fryslân is
Nei dit seizoen rint syn kontrakt by sc Hearrenfean noch twa jier troch, mar de kâns is reeël dat de ferdigener Fryslân efter him lit.
Hy fynt sels ek dat hy klear is foar in stap hegerop. "Om door te ontwikkelen denk ik dat het het beste is om in de zomer een stap te maken", seit Van Ewijk. "Dit seizoen heb ik laten zien dat ik het niveau aan kan."
De wedstriid sc Hearrenfean - Feyenoord begjint woansdei om 20.00 oere en is live te folgjen op de radio yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer en analist Johnny Jansen.
Van Ewijk spile yn de jongerein by Feyenoord, yn de kwartfinale fan de lanlike beker treft hy in soad âlde bekenden.
"Ik heb vanaf de onder 13 een aantal jaren met Geertruida en met Kökçü gespeeld", seit er. "Maar dat maakt het voor mij niet extra speciaal, ik wil gewoon naar de laatste vier."