Hynders kinne inoar yn balâns hâlde by hynsteterapy, tinke se yn Berltsum

Petra Weijer by ien fan de hynders © Omrop Fryslân
Wat docht hynsteterapy mei hynders? Dat is de fraach by in ûndersyk fan Hegeskoalle Aeres yn Dronten. Ien fan de plakken dêr't yn Fryslân hynders ynset wurde, is by maneezje Japero yn Berltsum.
"Hynsteterapy wurdt ynset om in persoan of groep ynsjoch te jaan en harsels better begripe te litten", seit Petra Weijer. Sy is de eigener fan maneezje Japero en wurket al jierren as hynderterapeut.
"Hynders fernimme spierspanning", sa fertelt sy. "Dus as je tusken de hynders steane en je hawwe spanning yn it lichem, dan pikt it hynder dat op. It is in 'flechtdier' en it wol gjin spanning yn de keppel."

Fêste hynders

Weijer brûkt tolve hynders foar terapy. "Mocht der te folle spanning wêze dan hâldt de groep dat yn balâns", sa leit sy út. Japero hat de fêste keppel hynders al in skoft, mar yn in soad oare gefallen wurdt der terapy jûn op plakken dêr't mar ien of twa hynders binne. Wylst hynders by Japero op inoar 'ôfreagearje' kinne.
Dat is krekt wat de ûndersikers fan Aeres witte wolle. Minsken kinne baat hawwe by hynsteterapy, mar it is net dúdlik wat it mei in hynder sels docht. Se wolle by Aeres 200 hynders folgje om te sjen hoe't dy omgean mei de spanning. Neffens Weijer makket it noch al wat út hoe't de terapy oanbean wurdt.
Hynders kinne inoar yn balâns hâlde by hynsteterapy, tinke se yn Berltsum
"Je moatte in hynder goed kenne. As je bygelyks by in sesje twa hynders brûke en je steane dêr mei tsien man, dan krije dy hynders hiel wat foar de kiezzen. Dan is der te folle spanning en kinne de hynders it net kwyt", sa leit Weijer it út.
Petra Weijer © Omrop Fryslân
Yn in groep wurket it oars, seit Weijer. De hynders litte dat ôffloeie troch bygelyks te rôljen, smakken of kôgjen. Slagget it dan net om de spanning kwyt te reitsjen, dan moat de terapeut yngripe, stelt Weijer. "Dan moat de persoan dy't foar de spanning soarget de groep út."
Oft sy sels meidocht oan it ûndersyk wit se noch net. Weijer tinkt dat it wol nuttich wêze kin. Benammen ek om't sy sels in soad ûnderfining hat mei dizze foarm fan terapy.