Bemealling by Leppa-akwadukt Akkrum pleatst om’t lekkaazje slimmer wurden is

Projektlieder Anghela Lolkama fan Rykswettersteat © Omrop Fryslân
De lekkaazje yn it Leppa-akwadukt yn de A32 by Akkrum is slimmer wurden. Ferline jier ûntstie op mearde plakken lekkaazje neidat in bedriuw yllegaal boarre hie foar it oanlizzen fan glêsfezel.
It Rotterdamske bedriuw Selecta Infratechnyk lei de kabels yn opdracht fan Delta Rijssen oan, mar makke yn desimber in flater yn de berm fan de parallelwei oan de eastkant fan de sneldyk. Der wiene fjouwer gatten boarre yn de keunststof folylaach tusken it sân en it grûnwetter, wylst dat net de bedoeling wie.
Der wie gjin fergunning ôfjûn foar it boarjen, it bedriuw wie dus eins yllegaal dwaande. Om't der yn de foly prikt wie, kaam der grûnwetter omheech.
Om it wetter fuort te krijen hat Rykswettersteat pompen ynset en letter binne der ek peilbuizen yn de grûn kaam om in byld te krijen en te hâlden fan de grûnwetterstannen.

Bemealling pleatst

No is der in nije lekkaazje ûntstien, sa hat bliken dien. Om foar te kommen dat it talúd (de helling by de dyk del) fersakket, wurde der wer pompen pleatst.
"Bij één van de peilbuizen bleek dat het watergebied meer wordt en het talud steeds natter wordt", sa leit projektlieder Anghela Lolkama fan Rykswettersteat út. "Het is niet de bedoeling dat het talud verzwakt, dus daarom hebben we besloten om bemaling te plaatsen."
It Leppa-akwadukt mei De Boarn en de A32, yn de simmer fan ferline jier © ANP
De lekkaazje is net op alle plakken slimmer wurden, it giet om ien spesifyk punt. Lolkama is net benaud dat de boel fersakket: "Als het talud natter wordt, plaatsen we eventueel een extra bemaling bij. Dat is het enige wat we kunnen doen."

Technysk drege operaasje

De situaasje wie ûnder kontrôle, seit sy wol, dêrom binne ek de peilbuizen pleatst. "Er is verder niets aan de hand, het peilwater blijft gewoon constant." Mar it tichtmeitsjen fan de lekkaazjes is makliker sein as dien, jout Lolkama ta. "Dat is geen gemakkelijke operatie: het is technisch ingewikkeld."

Pineholledossier

It lit wol sjen dat it stadichoan in pineholledossier wurdt, seit ek Rykswettersteat. "We gaan het bemalen en proberen het talud veilig te stellen. We hopen dat in de loop van dit jaar echt een definitieve oplossing kan worden gevonden."
Wannear't der echt dúdlikens komt oer in oplossing, fynt Lolkama dreech yn te skatten. Sy hopet dat der foar de ein fan it jier mear bekend is. Rykswettersteat wol dat Selecta Infratechnyk foar de kosten opdraait en lit dat juridysk útsykje.