VVD Ljouwert komt mei in online platfoarm nei ynfiering diftarsysteem

In ôffalbak © ANP
De VVD yn Ljouwert komt mei in online platfoarm om te efterheljen hoefolle ôffal der yn de gemeente dumpt wurdt. Begjin dit jier gie it diftarsysteem fan krêft. It fermoeden is dat bewenners sûnt dy tiid it ôffal hieltyd faker neist, yn stee fan yn de kontener efterlitte.
It diftarsysteem betsjut dat bewenners de kear betelje by it fuortsmiten fan ôffal. Hoe mear ôffal, hoe heger de heffing. Yn jannewaris sette de gemeente Ljouwert dêrmei útein. It gefolch soe lykwols wêze dat guon bewenners it ôffal no dumpt, om sa kosten te besparjen.

#diftarleeuwarden

De VVD, dy't tsjin dit systeem stimde, begûn om dy reden in online meldpunt. Mei #diftarleeuwarden kinne bewenners harren ûnderfiningen diele en sa nedich fragen stelle oer it diftarsysteem.
"We ha sterk de yndruk dat der mear dumping is sûnt de ynfiering", seit Petra van der Sloot, fan VVD Ljouwert. "Wy wolle sjen oft bewenners dit al of net befêstigje kinne."
Sels seit se it ferskil ek te sjen. "By my om de hoeke stiet in kontener. Earder wie it ek wolris sa dat der jiskepûden neist de kontener stiene, mar no is it alle dagen raak."
Hjirfoar diene minsken der noch wolris in efterbleaune pûde by yn. Mar dat sil no net gau mear barre.
Petra van der Sloot, VVD Ljouwert
Mei it paske giet de klep fan de kontener iepen. Dit wurdt registrearre en yn rekken brocht. "Ik tink dat it dêrmei te krijen hat. Hjirfoar diene minsken der noch wolris in efterbleaune pûde by yn. Mar dat sil no net gau mear barre. It kostet ommers jild. "
Bewenners koene ek al melding dwaan by de gemeente. Mar dat folstiet net, neffens Van der Sloot. "De ried makket ien kear yn it fearnsjier rapportaazje fan de meldingen en hoe't it mei it ôffalbelied giet. Dat duorret dêrom noch efkes. Wy hawwe leaver dat wy de problemen fuort oanpakke kinne."

Kamera's ophingje

"Wy hawwe in moasje yntsjinne om kamera's op te hingjen. Krekt as yn Den Haag. Mar de ried is dêr noch net oan ta. Benammen fanwege soargen om privacy", seit Van der Sloot. "Mar kamera's soene allinnich de dumping registrearje kinne moatte. Dus dy eangst is wat my oanbelanget ûnterjochte."