Buma wit dat Cambuur flink lijt ûnder it kearen fan útsupporters, mar hy bliuwt derby

Boargemaster Sybrand Buma © Omrop Fryslân
Der wiene gjin oare mooglikheden, seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Hy bliuwt by it beslút om útsupporters te kearen by wedstriden fan SC Cambuur. Ek al wit hy dat de klup dêr flink fan te lijen hat.
Fiif fraksjes yn de gemeenteried wolle in spoeddebat oer it wegerjen fan de tsjinstanners by thúswedstriden fan Cambuur. Dat beslút naam Buma ferline wike, nei oanlieding fan grutte ûngeregeldheden by de Fryske derby.
"Je moet keuzes maken", fynt Buma. En de plysje joech oan de feiligens net garandearje te kinnen. By de derby waarden plysjeminsken en bussen bekûgele, der waard fan alles fernield, de ME moast yn aksje komme.
Eardere maatregelen lykas ôfslutingen fan diken en it ferplichtsjen fan it mei-inoar nei in wedstriid komme yn bussen holpen net genôch. De gemeente skriuwt oer 'grootschalige wanordelijkheden', mei tsientallen ferwûnen en tsientûzenen euro's skea.
De plysje nei de Fryske derby yn Ljouwert © CAMJO media
Dat it om de feiligens draait wol Buma ek oan de ried dúdlik meitsje. "Ik zal het besluit dat ik nu op schrift heb gesteld toelichten, maar ook zeggen dat het geen besluit uit een soort beleidskeuze is. Maar dat het werkelijk een onveilige situatie is waar ik een politierapport over gekregen heb."

Foar Cambuur in 'vreselijk naar besluit'

De boargemaster hakte de knoop troch, wittende dat de Ljouwerter klup dêr wol ûnder lije soe. "Voor Cambuur is het een vreselijk naar besluit. Voor de supporters, de uitsupporters, maar vooral voor de club. Daarom is het geen besluit dat ik graag neem en waarvan ik besef dat dit grote consequenties heeft voor Cambuur."
Supporters fan SC Cambuur lieten sneon dit spandoek sjen © Orange Pictures
Buma wiist der wol op dat de kosten dy't de mienskip makket troch it fuotbal grut binne. "Bij de afgelopen wedstrijd tegen tegen sc Heerenveen zijn er 150 man politie op de been geweest. Dan tel ik de andere beveiligingsmensen nog niet mee, evenals wat er voor de voorbereiding en achteraf voor het opsporingsonderzoek nodig was."
Dat is allegearre bysûnder djoer, seit Buma. En dat komt al foar de rekken fan de belestingbeteller. "En ja, dit betekent ook schade voor Cambuur."
Ljouwert is net fan doel de fuotbalklup dêr foar te kompensearjen. "Dat lijkt mij op dit moment niet logisch", sa fynt er. "De overheid staat aan de lat voor de veiligheidskosten die er sowieso zijn."

'Gjin oare opsjes'

Guon riedsleden fine dat de boargemaster oer it hannelskader stapt is: sy fine it benammen spitich dat Buma net earst mei de klup praat hat.
Mar Buma is der resolút yn: "Ik heb dit besluit genomen in overleg met de politie en het openbaar ministerie. Toen ik zag dat er geen andere optie was, ben ik naar Cambuur gegaan. Als men het advies van de politie leest, dan waren er geen andere mogelijkheden."
In ferdûbeling fan de plysje-ynset is net helber, sa hat de plysje witte litten, wylst de ynskatting wol is dat dit nedich is.

'Sy meitsje de klup stikken'

Lit de relskoppers sels mar ris beseffe wat sy oanrjochtsje, fynt Buma. "Ik hoop vooral dat degenen die dit op hun geweten hebben langzamerhand eens beseffen hoe ze die club kapot aan het maken zijn. Mij rest geen andere mogelijkheid dan dit te doen. Dat komt door een groep die zich Cambuursupporter noemt, maar die met stenen gooit naar uitsupporters, de politie, voorbijgangers. Dat moet stoppen."