Part harkers DAB+ hat problemen mei it ûntfangen fan Omrop Fryslân

Yn parten fan de provinsje kinne harkers Omrop Fryslân min of hielendal net ûntfange. It giet om brûkers fan DAB+. Oarsaak is it te swakke sinjaal fan de stjoermêsten. Fia FM is Omrop Fryslân oeral wol goed te beharkjen.
Benammen yn it suden en noardeasten fan de provinsje hawwe se bytiden minne ûntfangst. Dat jildt ek foar bewenners fan de Waadeilannen, dêr't in part sels hielendal net ôfstimme kin. Wol kin eltsenien Omrop Fryslân fia FM beharkje.
"Aldergeloks is der foar dizze groep dus in plan B", seit haadredakteur Ingrid Spijkers. "Mar dat nimt net wei dat it ferfelend is. Ast yn de auto Omrop Fryslân fia DAB+ harkest, dan is it wol in gedoch om ynienen oerskeakelje te moatten nei FM."
Mjittings ferrjochtsje
Spijkers jout oan dat Omrop Fryslân op dit stuit yn petear is mei de Regionale Publieke Omroep (RPO ), dy't de belangen fan de Omrop behertiget.
"De partij oan wa't dit útbestege is, sil mjittingen dwaan. Sa wurdt efterhelle oft der needstjoerders nedich binne. Dy kinne derfoar soargje dat it sinjaal sterker wurdt en elkenien op dy wize wer goeie ûntfangst hat."
Ferskil tusken FM en DAB+
Hieltyd mear harkers meitsje de oerstap fan FM nei DAB+ (in upgrade fan DAB). Digital Audio Broadcasting wurket fia de digitale eter. Hjirtroch hast bygelyks gjin lêst mear fan kreakjen of rûs. By FM, dat analooch is, kin dat wol it gefal wêze. Yn stee fan ôfstimme op de goede radiostjoerder, kinst mei DAB+ maklik fan stjoerders wikselje.
Noch in foardiel fan DAB+ is de bânbreedte. Je kinne op de FM-bân mar in beheind tal radiostasjons útstjoere. By DAB+ hawwe je mear bânbreedte wêrtroch't je mear stjoerders oanbiede kinne. FM wurdt noch wol troch alle DAB-radio's stipe.
It sinjaal soe foar 95 persint dekking soargje moatte, sa stiet yn it kontrakt mei it bedriuw. Dat blykt dus net it gefal te wêzen. "Mar", seit Spijkers, "ik ha der alle betrouwen yn dat it wer goed komt. Wy binne yn alle gefallen bliid dat dit no op de kaart set is."
Keamerfragen D66
D66 liket der minder gerêst op. De partij stelt fragen oer de kwestje yn likegoed yn de Twadde Keamer as yn Provinsjale Steaten.
De partij wiist yn de fragen ûnder mear op de bysûndere posysje fan it Frysk as twadde Rykstaal. Yn Europeeske ferdraggen is fêstlein dat de Nederlânske oerheid bydraacht oan it fersterkjen fan Fryske media, wêrûnder de radio.

"Minsken moatte nei de radio harkje kinne yn harren eigen taal", seit Bea Bijlsma, Steatelid fan D66. "Dat is wichtich foar harkers. En hielendal yn needgefallen. As der fia de radio bygelyks meld wurdt dat de ruten en doarren ticht moatte, dan kin it net sa wêze dat in part fan de harkers gjin ûntfangst hat."
Litte we gjin âlde skuon fuortsmite foar der nije binne.
Bijlsma erkent dat it no noch gjin grut probleem is. Wol hammeret se derop dat tasjoen wurde moat dat dit ek net barre sil. "It is moai dat der technologyske ûntwikkelingen plakfine, mar litte we gjin âlde skuon fuortsmite foar der nije binne. Elkenien moat op in goede manier oer wêze nei DAB+, foardat FM ôfsletten wurdt."
Fryske ynbring Den Haag
It Steatelid freget deputearre Poepjes fan Fryske taal en kultuer om mei Omrop Fryslân en de steatssekretaris om tafel te gean. Se seit ek bliid te wêzen dat der Fryske Keamerleden binne dy't de belangen fan de provinsje op de aginda sette kinne.
"Partijgenoat Romke de Jong en Habtamu de Hoop fan de PvdA sitte ek út namme fan Fryslân yn Den Haag. Fernimst yn situaasjes as dy dat in Frysk ûnderwerp dochs flugger oanstipt wurdt. Dêr bin ik bliid mei."