Gemeente komt mei sintrumfyzje foar Aldeboarn: "Doarsplein komt no wat suterich oer"

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean hat in sintrumfyzje foar Aldeboarn fêststeld. Dat is bard yn gearwurking mei it doarp. Yn it sintrum moat it doarpsplein oanpakt wurde, en oan de râne fan it doarp komt mear parkearplak.
"Wy ha al hiel lang de winsk om it hjir wat op te knappen yn it doarp", seit Jan de Kam. Hy wennet yn Aldeboarn en hat meipraat oer de plannen. "Je komme ek wolris yn oare plakken dêr't se dan moai sitte kinne op it doarpsplein. Dat mist hjir."
'In moai plein'
It hjoeddeistige doarpsplein leit der neffens De Kam 'wat suterich' by. Der is in wrâld oan swarte ferkearspealtsjes, in hiel soad ferkearsbuorden en ferskate parkearplakken te sjen. Gjin bankjes, gjin sitsjes en auto's kinne maklik oant de Doelhofbrêge, dy't oer de Boarn rint, komme. Mar om't dy brêge net mear yn gebrûk is foar auto's, moatte se dan keare of achterút ride.
"Der komt mear gelegenheid om te sitten en te genietsjen en in broadsje te iten. Fierder komt der mear romte foar in feesttinte of soks wannear't der wat te dwaan is", leit De Kam út. "It wurdt in sintrum om te belibjen, mar it moat der ek wat moaier útsjen. En mei minder ferkear hast gewoan mear mooglikheden foar in moai plein."
800.000 euro
Foar de plannen yn Aldeboarn is sa'n 800.000 euro beskikber út it saneamde Fonds Vitale Kernen. Dêrmei wurde it doarpsplein en de stegen yn it doarp oanpakt, en komt der parkeargelegenheid oan de râne fan it doarp.
Dêrneist komme der mear mooglikheden foar wettersporters dy't harren boatsje oanlizze wolle yn it sintrum. Sa wurdt it toiletgebou, dat der al is foar rekreanten, opknapt. Fierder wurde kuierders fan it Japikspaad net fergetten yn de plannen.
De sintrumfizy moat noch troch de gemeenteried fan It Hearrenfean behannele wurde. Dat bart yn de kommende wiken. Yn it doarp gean se derfan út dat de wurksumheden dan nei de simmer begjinne kinne.