Dokters MCL grutsk op publikaasje yn The Lancet: "Djoer medisyn net altyd better"

Rolof Gijtenbeek, longdokter MCL © Omrop Fryslân
In djoer medisyn tsjin in foarm fan longkanker, de saneamde EGFR-mutaasje, is net altyd de bêste kar. Dat docht bliken út in stúdzje fan de longdokters fan it MCL yn oparbeidzjen mei it IKNL (Integraal Kankercentrum Nederland).
De resultaten fan it ûndersyk binne no publisearre yn The Lancet, it belangrykste tydskrift foar publikaasjes yn de medyske wittenskip.
It is in publikaasje dêr't de longdokters grutsk op binne. "Het is echt belangrijk. We weten dat veel mensen dit lezen en dan heb je een grote reikwijdte. We hebben het zo opgezet dat het ook voor iedereen toegankelijk is. Dus niet achter een betaalmuur."
Rolof Gijtenbeek is dwaande mei promoasje-ûndersyk. Hy woe witte oft it medisyn dat no brûkt wurdt foar de behanneling fan dy spesjale foarm fan longkanker eins wol doelmjittich wie. "Het is een duur medicijn. Een behandeling kost 200 euro per dag. Het gaat om het leveren van de goede zorg op het goede moment", seit Gijtenbeek, dy sûnt 2020 as longarts yn it MCL wurket.

Nij of âld, goedkeap of djoer

Dêrom is sjoen oft it ek ferskil makket oft âldere, mar goedkeapere medisinen, ek wurkje. Gijtenbeek: "Wat we nu zien is dat bij mensen die de oude medicijnen gebruiken er weinig verschil is in de overleving met de nieuwe."
It jout sels mear mooglikheden: "Je kunt de behandeling beginnen met de oude medicijnen. Als die niet meer werken kun je naar de duurdere, nieuwere medicijnen toe. Als je begint met de duurdere rest alleen nog chemotherapie. Je kunt je voorstellen dat mensen dat heel zwaar vinden."
It doel is om te sjen oft de oanpak libbensferlingjend wurkje kin: "Dat is zeker het doel. Deze vorm van longkanker is een soort van chronische ziekte. Naar de toekomst toe kunnen we er misschien voor zorgen dat mensen langer leven."

Unôfhinklikens is fan belang

Wat mei de stúdzje ek dúdlik wurdt, is dat it goed is dat der ûnôfhinklik ûndersyk dien wurdt nei de ynset fan medisinen. De farmaseutyske yndustry lit allinnich de goede effekten fan it nije medisyn sjen. Wat no docht bliken is dat dat net altyd de bêste opsje is. "Dat houdt de zorg ook betaalbaar", seit Gijtenbeek.
Longdokter Rolof Gijtenbeek praat mei ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it ûndersyk