KAART: Wêr moatst mear as 500 meter rinne nei in bushalte?

Yn Fryslân binne sûnt 2018 mear as 100 bushalten fuorthelle. Dat docht bliken út ûndersyk fan de regionale omroppen en de NOS. De helte fan dy fuorthelle halten stie yn de gemeente Ljouwert en in tredde yn Noardeast-Fryslân.
Goed fjouwer jier lyn wiene der yn Fryslân sa'n 1.550 bushalten, no binne dat der noch 1.450. Allinnich yn de gemeente Opsterlân binne der trije bushalten bykaam.
Der binne op dit stuit 25 wenplakken dêr't je no mear as 500 meter rinne moatte nei in bushalte ta. Ritsmasyl moat it fierst: 1.225 meter. Dan Friens (980 meter), Nijesyl (926 meter) en Drachtsterkompenije (813 meter).
Sjoch hjirûnder yn hokker wenplakken je mear as 500 meter rinne moatte:
Data Fryslân ûndersiket ferskate tema's yn Fryslân. Yn harren rapport oer 'ferfiersearmoed' bringe se yn kaart wêr't yn Fryslân de grutste ferfiersearmoed is: dêr't ynwenners dus de minste mooglikheden foar ferfier hawwe.
It iepenbier ferfier yn Fryslân yn sifers
Ferfiersearmoed hat net allinnich te krijen mei buslinen. It is ek in supermerk dy't der net is, of in gebiet dêr't in soad minsken mei lege ynkommens wenje. As der dan wol in busline is, kin it betsjutte dat de minsken dy net betelje kinne.
Risikogebieten
Yn Fryslân binne in tal risikogebieten, neffens it rapport. Harns is de gemeente mei de measte ferfiersearmoed, mar ek Eaststellingwerf en Noardeast-Fryslân hawwe hegere risiko's.
It sit it measte yn bûtengebieten en yn bepaalde parten fan gruttere stêden. Ien op de tolve Friezen hat ferfiersearmoed. Yn de risikogebieten is dat ien op de tsien minsken.

Dat der gewoane buslinen ferdwine hoecht net te betsjutten dat der dan gjin alternativen binne. De opstappers binne faak in alternatyf. Mar dat is dreger, want dy moatte wol reservearre wurde.
Data Fryslân hat gjin ûndersyk dien nei wat de ûnderfiningen fan Friezen dêrmei binne. Dat soe in ferfolch wêze kinne, seit ûndersiker Carlos de Matos Fernandes fan Data Fryslân. It rapport is wol mei de Steaten besprutsen, mar neffens him moatte de polityk en de ferfierders der sels mei oan de gong.
De regionale omroppen ûndersochten hoe't it tal opstappunten foar linebussen feroare. In opstappunt kin út meardere halten bestean, bygelyks oan wjersiden fan de dyk. Se binne ferlike mei it tal opstappunten yn it earste fearnsjier fan 2018 mei it tal fan it earste fearnsjier fan 2023.
Yn dit ûndersyk is allinich sjoen nei halten dy't troch linebussen mei in fêste tsjinstregeling brûkt wurde. Metro, tram, fearboat, buertbussen of hubtaksy's binne hjir net yn meinaam.