Wolvegea is hast perfekt, fine de ynwenners, mar it kin nóch better

Mei de caravan wurde de ferhalen en winsken yn Wolvegea sammele © Omrop Fryslân
Wolvegea is hast perfekt. It mei allinnich wol wat mear brûzje, it sintrum moat griener en der moat in moetingsplak komme. It binne in pear fan de suggestjes ophelle yn it projekt 'Bestemming Wolvega.'
Mei in caravan ride trije meiwurkers fan de gemeente Weststellingwerf troch it doarp. Op seis plakken kinne ynwenners har ferhaal oer Wolvegea kwyt. "We willen een gesprek over Wolvegea. Wat kan beter. Waar zie je kansen. Waar kan het nog beter en aantrekkelijker", seit Ineke Hut fan it projekt.

Regiodeal

Der is jild beskikber. De gemeente hat foar Wolvegea in bedrach út de Regiodeal krigen, in fûns foar it sterker meitsjen fan de mienskip. "We willen dat geld niet zomaar besteden", seit Hut. "We willen het toetsen onder de inwoners. Wat willen zij. Dat willen we weten."

Wolvegea is eins hiel tefreden

Wat opfalt is dat de measte ynwenners fan Wolvegea tefreden binne. "Het is hier goed", seit Wim Vuist. "Je hebt hier alles. Treinstation, snelwegen, supermarkten noem maar op."
Wolvegea is hast perfekt, fine de ynwenners, mar it kin nóch better
Dochs kin it better: "Ja, het centrum autoluw maken. Het mag ook wel wat meer bruisen." Dat fynt ek Vuist syn frou: "Dat het aantrekkelijk wordt om 's avonds even naar het centrum te wandelen." Sy hat noch in winsk: "Ja, een camperplek. Mensen in campers besteden veel geld en dat is goed voor Wolvega."

Ideeën foarlizze

De suggestjes wurde allegearre opskrean en meinaam. It is de bedoeling dat de bêste ideeën dizze simmer foarlein wurde oan de ynwenners. "We doen dan met een festival", seit Ineke Hut. "Als ze het er dan niet mee eens zijn kunnen we kijken of we nog wat aan kunnen passen."