Stativen en files by de seedyk: spotters op jacht nei it noarderljocht

Spotters by Wierum © CAMJO media
Tientallen minsken binne nei de kust by de Waadsee riden om te besykjen it noarderljocht op de foto te krijen. Mar doe't it ljocht krekt wat trochkaam, skoden der ek wolken del.
By Swarte Haan stiene mear as 100 minsken by de kust, yn Wierum beklommen tsientallen minsken de seedyk en by De Westhoek wie suver in lytse file mei auto's ûntstien.
De bewolking jage de boel op guon mominten in bytsje yn 'e bulten foar de spotters, al wie der noch wol wat grien en rôze ljocht te sjen.

De kommende dagen

Mar net treure: it bliuwt ek de kommende jûnen mooglik om it noarderljocht yn Nederlân te sjen. De mooglikheden binne it bêste by helder winterwaar, tusken 22.30 oere en middernacht. Oant 1 maart is de sinne-aktiviteit noch heech, sa ferwachtet it KNMI. En in soad sinne-aktiviteit kin foar noarderljocht soargje.
Noch in bytsje grien oan de loft by Wierum © CAMJO media
It poalljocht ûntstiet trochdat laden dieltsjes fan de sinne mei snelheden fan hûnderten kilometers de sekonde botse mei stikstof- en soerstofdieltsjes heech yn de atmosfear. Dêrtroch krije de dieltsjes yn de atmosfear in heger enerzjynivo. Om fan dit enerzjynivo ôf te kommen, stjoere de dieltsjes enerzjy út yn 'e foarm fan ljocht: it poalljocht.
It noarderljocht wie sneintejûn op ferskate plakken te sjen, ek oan de Fryske Waadkust. Mar om't ferskate minsken it net sjoen hiene, waard it moandei omraak op 'e nij besocht.
Mear as 100 minsken kamen nei Swarte Haan ta © Timo Brinkman