Westergeast hat no ek in Nij Talint Orkest: foar de muzyk, mar ek foar de wille

By it Nij Talint Orkest © Koos Scherjon
Yn Westergeast is in Nij Talint Orkest úteinset: De Grutte Earen. It draait allegearre om it bespyljen fan in muzykynstrumint, sûnder dat je al te folle ûnderfining hawwe.
"Wy fernimme dat der in hiel soad ferlet is by folwoeksenen om muzyk te meitsjen", fertelt Annewiep Bloem fan de organisaasje. "Je geane net gau allinnich nei muzykles en je stappe ek net sa gau nei de muzykferiening. Yn dat gat stappe wy mei it Nij Talint Orkest."

Muzyk, mar ek wille

Eltsenien mei dus meidwaan en yn Westergeast binne der yntusken tsien minsken dy't dat dogge. Sy spylje ûnder begelieding fan dirigint Guus Pieksma. "Learst in blaasynstrumint of slachwurk te spyljen, om mei-inoar muzyk te meitsjen en ek om wille deroan te belibjen", sa seit er.
Foar Jantsje Wijma fan Kollumersweach is it in prachtkâns om fertroud te wurden mei in ynstrumint. "Myn dochter spilet sels ek. Wat soe it moai wêze as ik ek meidwaan kin. Mar ja, as begjinneling kin samar net meidwaan mei sa'n band. Dêrom fyn ik it wol hiel moai dat dit der no is."