Degradaasjespûk yn Noard-Nederlân, mar: "Excelsior is het slechtste team"

Sportcast © Omrop Fryslân
Excelsior hat de grutste kâns om út de earedivyzje te degradearjen, en dus net hikkesluter SC Cambuur. Yn de Sportcast wurde de degradaasjesoargen fan de trije klups út Noard-Nederlân bepraat.
Cambuur stiet op it lêste plak mei fjouwer punten efterstân op FC Emmen en FC Groningen. Dy lêste twa klups pakten dit wykein wol ien en trije punten. Dêrmei rûnen se dus út op de ploech fan trainer Sjors Ultee, dy't mei 2-1 ferlear fan AZ.
Dochs wie it spul fan Cambuur yn guon fazen hiel aardich. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen: "Ik ha wol mei wille nei de wedstriid sjoen, mar it moat wol ris ta punten liede."
Dy punten kin Cambuur de kommende tiid helje tsjin konkurrinten. Sportferslachjouwer Andor Faber dêroer: "Se moatte harren rjochtsje op Emmen en Excelsior. Dat binne twa tsjinstanners dy't Cambuur noch krijt, dus dan hast it noch ta in hichte yn eigen hân."
Sportferslachjouwers Niels Dijkhuizen (RTV Drenthe) en Stefan Bleeker (RTV Noord) fertelle hoe't de stimming is by de oare twa noardlike klups yn de degradaasjesône.
Dijkhuizen makket him net sa bot soargen. Hy tinkt dat FC Emmen it rêdt, dat Cambuur 16e einiget en dus neikompetysje spylje moat. Der is neffens Dijkhuizen ien ploech dy't derút springt op negatyf mêd: "Op dit moment is Excelsior het slechtste team van de Eredivisie."
Bleeker tinkt dat Cambuur en Excelsior derút fleane en dat FC Groningen deryn slagget om him te hanthavenjen. "Afgelopen zaterdag was voor Groningen de laatste strohalm. Het doet het de laatste tijd wat beter. Als je naar het programma kijkt, gaat Groningen nog wel wat puntjes pakken."

Druk foar Hearrenfean

Degradaasjesoargen binne der net foar sc Hearrenfean, dochs sit de ploech yn in minne faze. Der waarden mar twa kompetysjewedstriden wûn nei de winterstop. Sportferslachjouwer Roelof de Vries is dúdlik: "De druk begjint wol ta te nimmen, se moatte no wol echt punten pakke."
Maklik wurdt dat net, want de kommende kompetysjewedstriden binne tsjin nûmer fiif FC Twente en nûmer twa Ajax.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.