Fryslân Kiest: is de ov-hub de oplossing foar it iepenbier ferfier?

Klaske Smid yn de bus fan Himmelum nei Boalswert © Omrop Fryslan
It duorret net lang meer: op 15 maart binne de Provinsjale Steateferkiezingen. Fiif Friezen fertelle harren grutste soargen en stelle harren fraach oan de polityk. Hjoed Klaske út Himmelum, sy makket har soargen oer it iepenbier ferfier yn de provinsje.
Hast twa oeren binne Smid en har doarpsgenoaten ûnderweis fan Himmelum nei Ljouwert. Jûns koe se net mear thús komme nei har klassen fan de teäteroplieding.
Yn desimber waard bekend dat der ritten skrast waarden. Dat kaam foar de bewenners fan Himmelum as in ferfelende ferrassing. "Ik fyn it ûnakseptabel en ûnearlik dat dit sa gebeurt", fertelt Smid. "Yn Ljouwert ride de bussen om de fiif minuten en by ús jûns net ien mear. Dan setst it plattelân wol bûtenspul."
Klaske út Himmelum makket har soargen oer it iepenbier ferfier yn de provinsje
It iepenbier ferfier kostet de provinsje in soad jild. Neffens deputearre Avine Fokkens hast ien miljoen euro de wike. Dêrom ride op guon plakken no dus minder bussen. Somtiden ferfalle hiele opstapplakken, oare kearen rydt in bus minder faak. Dy wurde dan bygelyks ferfongen troch belbussen, dy't reizgers yn it foar reservearje moatte.
Smid gong mei busline 44 nei Ljouwert ta. Se krige fan Avine Fokkens te hearren dat dy line te folle jild kostet om te behâlden.
Dan moatte je wol ferhúzje of in auto keapje, mar in soad jongeren hawwe dêr it jild ek net foar.
Klaske Smid oer it ferdwinen fan buslinen
Foar Smid wie it dêrtroch net mear te dwaan om thúswenje te bliuwen en dus ferhuze se yn desimber nei Ljouwert ta.
In soad doarpsgenoaten fan har leeftiid rinne tsjin itselde probleem oan. "Ik hear it fan in hiel soad jongerein út myn doarp. Dan moatte je wol ferhúzje of in auto keapje, mar in soad jongeren hawwe dêr it jild ek net foar of gjin rybewiis. Oaren passe harren stúdzjekar derop oan."
Har fraach oan de provinsje: "Kinne wy ús busline werom krije? Of yn elts gefal in oplossing sa't Himmelum berikber bliuwt?"

Wat fine de partijen derfan?

Ek al is der yn de ôfrûne jierren besunige op it iepenbier ferfier, it liket as wolle de partijen no allegear dat de lytse kearnen just wol berikber bliuwe.
Saneamde ov-hubs soenen dêrfoar de oplossing wêze. It idee is dat gruttere bussen en treinen út de stêd nei dizze ov-hubs ride, wêrnei't de reizger oerstappe kin op alternatyf ferfier om op it plak fan bestimming te kommen. Dat oar soart ferfier kin út fan alles bestean, bygelyks lytsere bussen, in opstapper, elektryske fytsen of dielauto's.
"Yn de takomst binne der gjin grutte lege bussen mear, mar komt der mear maatwurk", stelt bygelyks de FNP yn harren programma. En de VVD skriuwt: "Als een buslijn gestrekt is, vinden wij het belangrijk dat er een belbus of een taxilijn als alternatief is om in de desbetreffende kern zelf te komen."
De realiteit op dit stuit is dat der wol linen skrast wurde, mar dat ferfangende ov-ferfier net oanbean wurdt.

Hoe?

Deputearre Fokkens is listlûker foar de VVD by de kommende Steateferkiezingen. Sy freget har ôf oft der oer tweintich jier noch wol bussen ride op it Fryske plattelân. "Het is het eeuwige zoeken naar een balans tussen bereikbaarheid en betaalbaarheid. De Provinciale Staten vinden het belangrijk dat de dorpen bereikbaar blijven, maar de 'hoe-vraag' is dan wel essentieel."
Deputearre en VVD-listlûker Avine Fokkens © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Neffens de deputearre is it te maklik om te sizzen dat der mear jild nei it iepenbier ferfier moat. "Dat gaat dan ten koste van andere zaken die ook belangrijk zijn voor de leefbaarheid."

Jild

Neffens de SP, Provinciaal Belang Fryslân (PBF) en D66 moat net allinnich de berikberens better, mar moatte de kaartsjes ek goedkeaper. PBF fynt sels dat de buskaartsjes fergees en tagonklik wêze moatte foar eltsenien. De SP wol fergees steds- en streekferfier foar 65-plussers en 12-minners, de tariven foar de oare leeftiidsgroepen omleech bringe en it ferfier yn hannen jaan fan de provinsje. D66 wol dat de prizen yn it iepenbier ferfier de helte goedkeaper wurde.
De PvdA seit ek dat goed iepenbier ferfier in basissekerheid wêze moat. "Dat is in prinsipiële kar, ek lanlik", seit listlûker Edou Hamstra.
PvdA-listlûker Edou Hamstra © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Op dit stuit fersoargje ferskate bedriuwen troch hiel Nederlân, de saneamde konsesjehâlders, it iepenbier ferfier. Hamstra: "Wy fine dat we op termyn nei iepenbier ferfier yn oerheidshannen moatte. Oant dy tiid sille we it maksimale út de oanbesteging helje moatte."

Duorsumens

GrienLinks fynt it foaral wichtich dat it iepenbier ferfier fossylfrij wurdt, ek yn de programma's fan Partij voor de Dieren en D66 wurdt dêr in relatyf grutte klam op lein. Neffens D66 moatte alle Fryske bussen yn 2027 duorsum ride.
De PVV fynt dy ynset op duorsumens krekt hielendal net wichtich; sy fine it net goed dat der miljoenen nei "de overbodige verduurzaming van het openbaar vervoer" geane.