Hantumermûne is hast wer opkalfatere: "Hy krijt echt in moai nij jaske"

De Hantumermûne © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Mear as in jier stie er stil: de Hantumer poldermûne. Mar dizze wiken wurdt de lêste hân lein oan de restauraasje fan it bouwurk út 1880 en kin de mûne ynkoarten wer wetter út it Hantumerleech ferwurkje.
De Hantumermûne is in Ryksmonumint. Stichting Monumentenbehoud Noardeast-Fryslân hat it inisjatyf naam foar it opknapwurk.
De kosten dêrfoar binne sa'n 125.000 euro. Dat wurdt betelle troch it Ryk, de provinsje Fryslân en de gemeente Noardeast-Fryslân. Sa'n 35 persint fan alle kosten is lykwols betelle mei help fan ferskate fûnsen.

Nij jaske

De âlde skroef is út de poldermûne helle en ferfongen troch in nij eksimplaar fan hout. De mûne oan de Stoepawei wurdt frijwillich ûnderhâlden troch mûnder Marijn van Tilburg.
Hy is wiis mei de restauraasje. "It liket wol in plaatsje fan Rembrandt. Ik bin wiis mei myn frou, mar ik bin somtiden leaver hjir as thús. Der komme noch moaie nije seilen op. Hy krijt echt in moai nij jaske."
In pear wiken lyn is de nije skroef foar de mûne op it plak takele. "De âlde skroef wie ôf. Ien kear yn de tritich jier moat dat efkes oanpast wurde."

"Dit is Nederlân"

Mûnebouwer Jellema fan Burdaard naam it reparaasjewurk foar syn rekken. Sa krige de mûne oeral nije ferve, in nije reidtek en binne de wjukken op 'e nij skildere. "It is in échte poldermûne. De greiden deromhinne, de stilte: dit is Nederlân."
Mûnder Marijn van Tilburg oer de mûne fan Hantum
De restauraasje fan de poldermûne wie hurd nedich, seit Van Tilburg. "De mûne begûn oan alle kanten te lekken. Sa'n reidtek bygelyks, dêr sitte ek fûgels yn te wrotten, dy nestelje mei it reid."

De mûne kin 'prate'

Van Tilburg sit fol ferhalen oer de mûne. "Hy praat mei syn wjukken. As der in berntsje berne is, sette wy him yn de blidensstân, as der ien ferstoarn is dan giet er yn de roustân. Mar yn de oarloch brûkten minsken him ek om te kommunisearjen. De mûnder pleatste it wjukkrús rjochting Holwert as de Dútske besetter dêr wei kaam. Dan wisten ûnderdûkers hokfoar kant se útnaaie moasten," fertelt Van Tilburg.
De âlde houten skroef leit bûten, sadat belangstellenden sjen kinne hoe't sa'n 'fizel' dy't wetter meallet der no krekt útsjocht. As der wyn stiet is Van Tilburg alle dagen by de mûne te finen: besikers binne wolkom om de mûne te besjen.