Noarderljochtfanaat Marcel Renou: "Fenomenaal en jûn mooglik wer te sjen"

It Noarderljocht by Wierum © Marcel Renou
It noarderljocht wie sneintejûn goed te sjen yn Fryslân. Benammen op de seedyk en de Waadeilannen wie it poalljocht dúdlik sichtber. Noarderljocht- en nachthimelfanaat Marcel Renou ferwachte it nachtlike fenomeen al en gong der apart foar op paad. Moandeitejûn is it mooglik wer te sjen.
"Ik bin by Wierum oan it Waad gongen en dêr ha ik it sjoen", fertelt Renou. Hy fûn it geweldich. "It wie fenomenaal, it is net te beskriuwen. It wie acht jier lyn dat it sa moai te sjen wie yn ús lân, dit bart net faak."
Renou is gids foar Dark Sky waddentour en jout nachtekskurzjes yn it Waadgebiet. Neffens him is der nachts in hiel soad te sjen oan de Waadsee. "De 'melkweg' kinne je altyd wol sjen. It is ek bysûnder dat Venus en Jupiter op ien line steane. Dy komme op 1 maart byinoar. En der binne út en troch wol fallende stjerren te sjen."
Stjerrerein boppe de Waaddyk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat de nachtekskurzjes krekt yn it Waadgebiet jûn wurde, hat te krijen mei de omstannichheden. "Dêr is it hiel donker, mei hast gjin ljochtfersmoarging." Dêrtroch kinne minsken de nachthimel op plakken by it Waad del it bêste sjen.

Nochris

It noarderljocht wurdt feroarsake troch eksploazjes oan it oerflak fan de sinne. "Dy eksploazjes komme yn ús atmosfear yn oanrekking mei soerstof en CO2-dieltsjes. Dat jout in griene of reade kleur."
Omdat der sa'n soad aktiviteit wie op de sinne, wie it noarderljocht wol wat te foarsizzen, leit Renou út. "De ôfrûne dagen wienen der sa'n soad eksploazjes op de sinne dat it hast net oars koe."
Dochs ha in protte minsken it noarderljocht sneintejûn mist. Hy riedt elkenien dy't dit soarte fan nachtlike fenomenen moai fynt oan om it moandeitejûn nochris te besykjen. "De bewolking wie der snein ek wol in bytsje, mar it ljocht wie sa heftich dat it noch hieltyd goed te sjen wie. Dy kâns is jûn ek oanwêzich, dus jûn der wer foar."