Jierpelkonsern HZPC op De Jouwer bestiet 125 jier en is tenei Keninklik

Jierpelkonsern HZPC Holland B.V. op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Jierpelkonsern HZPC op De Jouwer is Keninklik wurden. It bedriuw bestiet moandei eksakt 125 jier en hat it predikaat krigen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
De basis foar it bedriuw is al yn 1898 lein yn Bitgum. De oprjochter wie Hette Tjitzes Hettema, dy't mei syn fou Anne van der Meer in hannelshûs opset hat dêr't sy poaters ferbouden en ferhannelen.
It bedriuw ferhuze letter nei Ljouwert en nei Emmeloord. Mar doe't it yn 1999 fusearre mei ZPC (Friesche Coöperatieve Handelsvereniging voor Zaaizaad en Pootgoed) yn Ljouwert, waard De Jouwer as haadplak keazen. Yn Mitselwier hat it bedriuw in 'Research en Development'-fêstiging.
It research & development-kantoar fan HZPC yn Mitselwier © RTV NOF
Der wurkje op dit stuit sa'n 400 meiwurkers yn 16 ferskate lannen. HZPC ferhannelet goed 100 jierpelrassen yn mear as 90 lannen. Dêrmei is it in merklieder op it mêd fan jierpelferedeling en poaterhannel.