Plysje siket ynbrekker It Hearrenfean en hat bylden

© Plysje
De plysje Fryslân is op syk nei in ynbrekker dy't op 3 febrewaris om 19:30 oere hinne foar tûzenen euro's bút makke hat. Dat barde yn in appartemintekompleks oan de Burgemeester Falkenaweg op It Hearrenfean.
Bylden fan de man binne moandei ferspraat, dy binne makke doe't de man it terrein ferkende yn de middei. In pear oeren letter kaam er om 19:30 oere werom. Tweintich minuten dêrnei kaam er wer nei bûten mei in folle tas.
Sieraden, guod en klean binne meinaam, dat is tûzenen euro's wurdich, die bliken út ûndersyk.
De man hie in lange donkerblauwe jas oan mei labels op de earm en rêch.