Untploffing by wenning yn Drachten

Untploffing by de wenning yn Drachten © SRFotografie
By in wenning oan de Tynje yn Drachten hat sneintejûn in ûntploffing west. De bewenster rekke net ferwûne.
Om 22:58 oere krige de brânwacht melding fan in brân dêr't in ûntploffing oan foarôf gien wie. By oankomst wie de brân al út, de foargevel swart en hong der in sterke gemyske lucht.
De plysje ûndersiket de saak. De bewenster hat oanjefte dien.