Noarderljocht wie goed te sjen yn Fryslân: sjoch hjir de hoe't dat derút seach

It noarderljocht wie op sneintejûn goed te sjen. Fan it hiele lân út kamen berjochten binnen fan minsken dy't it ferskynsel sjoen hawwe yn de nacht fan snein op moandei. It natuerferskynsel is net faak mei it bleate each te sjen, dat wie no wol it gefal.
Anton Kappers makke boppesteande foto fan Skylge ôf.
It pears-griene ljocht wie ek yn oare Fryske plakken te bewûnderjen, sa as op It Amelân en yn Frjentsjer. It waarferskynsel ferskynt trochdat dieltsjes fan de sinne mei enoarme snelheden botse mei stikstof- en soerstofdieltsjes heech yn ús atmosfear, sa tusken de 100 en 300 kilometer hichte.
Sjoch hjir hoe't it poalljocht der fan de Waadeilannen ôf útseach:
It noarderljocht fan Skylge ôf