Krater op de moanne ferneamd nei Dokkumer stjerrekundige Gemma Frisius

Henk Nieuwenhuis © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De Koninklijke Nederlandse Vereniging voor Weer en Sterrenkunde organisearret dit wykein de Landelijke Sterrendagen. De Fryske ôfdieling fan de KNVWS is neamd nei Gemma Frisius, in 16e iuwske stjerrekundige. Mar wa wie Gemma Frisius?
Henk Nieuwenhuis, earelid fan it KNVWS Gemma Frisius en âld-konservator fan it planetarium, hat him ferdjippe yn it libben fan Gemma Frisius. Frisius wie in ferneamd gelearde yn de 16e iuw. Sa joech hy privee les oan Karel de Fyfde en wie hy learmaster fan de grutte kartograaf Gerard Mercator.

Gemma Frisius is de Latynske namme fan Jemme Reinersz. It wie gebrûklik yn dy tiid dat wittenskippers harrensels in Latynske namme joegen. Frisius is fansels in ferwizing nei Fryslân.
Gemma Frisius © Omrop Fryslân
Jemme waard berne op 8 desimber 1508 yn Dokkum. Der is net in soad bekend oer syn jeugd. Behalve dat er as lyts jonkje kreupel wie, mar hjir is er letter fan genêzen.
Syn âlden binne ferstoarn doe't er noch jong wie. Hy groeide op by famylje. Dy seagen al gau dat Jemme in goed ferstân hie en stjoerden him nei de universiteit fan it Belgyske Leuven. Hy studearre genêskunde, wiskunde, geografy en astronomy.
It boek Cosmographia fan Gemma Frisius © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Neffens Henk Nieuwenhuis hat Gemma Frisius in soad foar de astronomy betsjut, omdat hy as ien fan de earsten de banen fan planeten metten hat.
Fierders hat er ferskate mjitynstruminten makke, en hat er de sekuerens fan besteande ynstruminten bot ferbettere. Frisius wie ek globemakker. En hy wie ien fan de learmasters fan kartograaf en globemakker Gerard Mercator.
Henk Nieuwenhuis hat ynstruminten fan Gemma Frisius neimakke © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Frisius hat ferskate boeken skreaun oer wiskunde en stjerrekunde. Ien fan syn bekendste boeken is Cosmographia. Yn dit stúdzjeboek sitte meardere papieren mjitynstruminten dy't studinten út it boek helje koene en brûke.
Henk Nieuwenhuis fertelt oer Gemma Frisius
Henk Nieuwenhuis hat in Spaanske werprintinge fan Cosmographia fûn. Yn it boekje stean allinnich plaatsjes fan de mjitynstruminten. It is Nieuwenhuis slagge de ynstruminten nei te meitsjen. Sa hat er in moannewizer en in sinnewizer fan Gemmas Frisius makke.
Ynstruminten fan Gemma Frisius © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Gemma Frisius is net âld wurden. Hy ferstoar op 25 maaie 1555 oan de gefolgen fan de pest.
Yn de astronomy libbet syn namme noch altyd. Der is in krater op de moanne nei him ferneamd, der is in planetoïde mei syn namme. En de Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Nederlandse Vereniging voor Weer en Sterrenkunde hjit dus Gemma Frisius.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere op de radio. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.