De Klomp joech Sigrid wer selsbetrouwen, se streamt troch nei in betelle baan

It wie feest dizze wike yn it gebou De Klomp. Yn it gebou fan Netwerkcentrum Leeuwarden (Oud Oost) dêr't alle dagen in soad frijwilligers aktyf binne mei ferskate aktiviteiten naam ôfskied fan Sigrid. Se wie goed jier aktyf yn it sintrum mar hat no in betelle baan fûn.
Op 3 april giet Sigrid oan de slach by de Keamer fan Keaphannel. De frijwilligers binne tige grutsk op har. En Sigrid sels ek.

Sigrid sit yn in rolstoel. Goed trije jier lyn kaam se by De Klomp. Se hie it dreech. Iensumens en lichaamlike klachten behearsken har libben.
Yn de trije jier dat se by De Klomp frijwilligerswurk die, bloeide Sigrid wer hielendal op. Se boude oan har selsfertrouwen en die fan alles en noch wat. As gastfrou by it netwurksintrum ûntwikkele se har fierder.
Se tinke, se sit yn in rolstoel dus sil se geastlik ek wol net hielendal goed wêze en faak siik.
Dochs slagge it net fuortendaliks in baan te finen. "Se tinke, se sit yn in rolstoel dus sil se geastlik ek wol net hielendal goed wêze en faak siik. " Mar no wie it raak. Sigrid hat in betelle baan. "Ik bin sa happy! Ik bin troud, mei myn soan giet it goed en no in baan."
Senan Hubanic sprekt by it ôfskied de bliere Sigrid ta. "We willen je niet kwijt maar ik ben ontzettend trots op jou!" Sigrid wurdt emosjoneel fan de wurden. "Ik ha in dûbeld gefoel. Ik sil De Klomp wol misse."
Trije minsken dy't in betelle baan fûnen

Sigrid is net de iennige dy't trochstreamt nei in betelle baan. Ek Jefta, dy't kok wie en twa kear yn 'e wike soarge foar iten foar in soad minsken dy't net genôch jild hawwe om in goed miel te meitsjen, is no earne oars oan it wurk, Hy is no koördinator by frijwilligersorganisaasje Amaryllis yn Ljouwert. Ek hy is wiis mei syn nije baan.
Mar oft er echt gelokkiger is wit Jefta net. "Bij de Klomp was ik ook gelukkig, dat is familiegevoel. Maar nu heb ik meer geld en kan ik straks ook een studie volgen. Dat is fijn."
Datselde jildt foar Nicky. Se kaam by De Klomp neidat se har baan kwytrekke. Mear as hûndert sollisitaasjes giene by har de doar út. "Dat knaagt toch aan je zelfvertrouwen. Hier kreeg ik dat weer terug."
De ôfrûne moannen binne mear minsken fan it netwerkcentrum nei in betelle baan gien. Senan Hubanic, koördinator fan De Klomp is der tige wiis mei. De ôfrûne tiid binne sa'n 25 minsken útstreamd. Mar, sa seit er: "Ik ben ook trots op de mensen hier, die niet betaald werk hebben. Ze zijn hier als vrijwilliger ook van grote waarde."