Fryslân start betinkingsjier Hindostaanske migraasje: "Wie het verhaal kent, gaat huilen"

Reidwurkers yn Suriname (ûngefear 1920) © ANP
De lanlike ôftraap fan de fiering fan 150 jier Hindostaanske migraasje is yn Ljouwert. Dêr ha se de ôfrûne sân moannen dwaande west mei de tarieding.
It is in belangrike dei foar de Hindostaanske mienskip yn Fryslân. In dei mei emoasjes, seit Radj Sital fan de organisaasje.
"Mijn opa vertelde wat zijn ouders hadden meegemaakt"
"Ik zie nu mijn opa voor me. Wij zaten daar, alle kleinkinderen, en opa en oma. En hij vertelde wat hun ouders hadden meegemaakt. Dan moesten ze huilen."
De neikommelingen fan arbeiders dy't út it doetiidske Britsk-Ynje wei nei Suriname emigrearren om op 'e plantaazjes oan it wurk te gean, wurde Hindostanen neamd, gjin Hindoestanen.
By de betinking yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert sil opnij gûld wurde, seit Sital. "Wie de geschiedenis goed kent, gaat een traan laten, denk ik. Ik ook."

"Ze konden nergens anders heen"

Nei de ôfskaffing fan de slavernij binne tûzenen Hindostaanske minsken fan Yndia nei Suriname gien. Om te wurkjen. Om de plantaazjes oerein te hâlden. Dat wie 150 jier lyn.
De famylje fan Sital die it ek. "Zij dachten dat het daar goed zou zijn. Ze waren geronseld. Met een boot gingen ze de zee over. Dat duurde twee maanden. Er zijn veel mensen overleden op die boot."
"Meneer, daar is de plantage"
"Wat ze meemaakten toen ze eenmaal in Suriname waren, dat is ook niet best. Het was heel anders dan hoe het ze was beloofd. Maar ze waren er al. Ze konden nergens anders heen."
Hy laket in bytsje, as er it seit. Mar syn ferhaal is serieus. "Jullie voorouders waren hoofdman daar. Dus die wezen de plantages aan, daar moesten ze heen. En dat was hard werken."

Stilstean

"We moeten stilstaan bij alles wat onze voorouders hebben meegemaakt. Zonder hen waren wij hier nu niet geweest."
It Hindostaanske ferhaal is wol bekend, mar der is net in protte omtinken foar. Neffens Sital komt dat omdat Hindostaanske minsken dêr net graach om freegje.
"De vruchten die wij plukken, die krijgen we van God. Zo zien wij dat. Er moet gezegd worden dat onze voorouders ook een soort van slavernij gekend hebben in Suriname, maar dat zeggen we niet."
De lanlike ôftraap fan de fiering wie 26 febrewaris yn De Harmonie yn Ljouwert. Op 4 juny is in lanlike betinkingsdei fan 150 jier Hindostaanske migraasje. Dy dei is ferbûn mei it Nederlânske slavernijferline.