SC Cambuur hâldt gjin punten oer oan útwedstriid tsjin AZ

SC Cambuur hat foar de fiifde kear op rige net wûn yn de earedivyzje. Yn Alkmaar wie AZ mei 2-1 te sterk foar de Ljouwerters.
By Cambuur wie der in basisplak foar Mimoun Mahi. Hy ferfong Mitchel Paulissen, dy't skorst wie. Alex Bangura wie der ek net by. Syn plak waard ynnaam troch Sai van Wermeskerken.
Opstelling SC Cambuur: Ruiter; Schmidt, Bergsma, Smand, Van Wermeskerken; Van Kaam, Hoedemakers, Foor; Breij, Johnsen en Mahi.
AZ wie yn de fjirde minút foar it earst gefaarlik fia Yukinari Sugawara. Syn skot waard lykwols tsjinholden troch Robbin Ruiter.
Johnsen mist
Cambuur die lykwols ek mei oan de wedstriid en Bjørn Johnsen liet ien-op-ien mei AZ-doelman Matthew Ryan de kâns lizzen om de Ljouwerters op foarsprong te setten. Efkes letter levere Johnsen wol goed wurk troch Michael Breij yn stelling te bringen, mar de middenfjilder rekke de bal hielendal ferkeard.
Nei in kwart wedstriid kaam AZ wat better yn it spul. Yn de 24e minút kopte Vangelis Pavlidis de bal noch krekt njonken, mar yn de 40e minút wie it wol raak. Pavlidis helle fan de râne fan it strafskopgebiet ôf doeltreffend út: 1-0.
Krekt foar it skoft krige Jens Odgaard in grutte kâns op 2-0, mar syn kopbal nei in foarset fan Jesper Karlsson waard knap keard troch Ruiter.
VAR kart doelpunt AZ ôf
AZ hie de wedstriid yn de twadde helte ûnder kontrôle. Yn de 57e minút hie Karlsson de mooglikheid om der 2-0 fan te meitsjen nei in knappe aksje fan Pavlidis, mar de ynset fan de Sweedske oanfaller gie njonken.
It doelpunt fan Karlsson foel yn de 68e minút dochs noch. Nei in lange bal fan doelman Ryan wie der miskommunikaasje tusken Ruiter en Doke Schmidt. Karlsson profitearre dêrfan, mar hy hie de bal mei de hân rekke. It doelpunt waard dêrom ôfkard troch de VAR.
Yn de 73e minút kaam der foar Cambuur gjin rêding fan de VAR. In ôffallende bal nei in hoekskop kaam foar de fuotten fan Milos Kerkez. Syn skot smoarde yn it strafskopgebiet, wêrnei't der in scrimmage ûntstie. Uteinlik wie it Wouter Goes dy't de bal oer de doelline wurke: 2-0.
Strafskop
De wedstriid like dêrmei beslikke, mar dat wie net mear as skyn. De Ljouwerters krigen yn de 83e minút in strafskop nei in oertrêding fan Pantelis Hatzidiakos op ynfaller Remco Balk. Johnsen bleau rêstich en dêrmei wie de spanning wer hielendal werom.
Sterker noch: Balk skeat yn de 87e minút sels de 2-2 tsjin de touwen. Yn oanrin nei it doelpunt stie Roberts Uldrikis lykwols bûtenspul en dus gie der in streek troch de treffer.
Cambuur moast de wedstriid útspylje mei tsien man nei't Mees Hoedemakers syn twadde giele kaart krigen hie fan skiedsrjochter Marc Nagtegaal. De Ljouwerters besochten noch wol de lykmakker te forsearjen, en krigen fia Jamie Jacobs ek noch in prima kâns, mar de bal gie der net mear yn.
Troch it ferlies sjocht Cambuur dat it gat mei nûmer 17 FC Groningen oprûn is nei fjouwer punten. It ferskil mei it feilige fyftjinde plak is sels sân punten.