Scooterrider slim ferwûne by ûngelok yn Dronryp

De bestjoerder fan in scooter is slimferwûne rekke by in ûngelok yn Dronryp. Dat meldt de plysje. De scooter rekke fan de dyk. It is net dúdlik hoe't dat koe.
It ûngelok barde jûns om tweintich foar njoggenen hinne oan de Markol yn Dronryp. De plysje meldt dat der in traumateam hinne gien is om it slachtoffer te helpen.