Liveblog
|
26 febrewaris
Nyck de Vries: "We hebben heel wat werk te doen" | UNIS Flyers gjin kampioen
- Nyck de Vries oer debút yn de Formule 1: "Ik denk dat we veel werk te doen hebben";
- De UNIS Flyers ha de finale om it lânskampioenskip ferlern;
- Go Ahead leit kaartferkeap Cambuur foarearst stil;
- Harm Visser hat syn earste maraton op natueriis wûn.
Dit blog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 26 febrewaris, 20:58
snein 26 febrewaris
20:58
De finale yn goed oardel minút, mei de belangrykste reaksjes
Sjoch hjir nei de hichtepunten út de finale fan de Flyers, mei reaksjes fan spiler Frits Doop en syn trainer.
Kijk hier naar een samenvatting van de wedstrijd
17:23
LDODK docht goeie saken yn striid om play-offs
De kuorballers fan LDODK ha mei 30-19 wûn fan Groen-Geel. Dêrmei dogge se goeie saken yn de striid om de play-offs.
LDODK stiet no op it fjirde plak yn de kompetysje.
Femke Faber: "We hiene wat goed te meitsjen"
16:53
UNIS Flyers ferlieze finale
De UNIS Flyers ha ferlern.
Betiid yn de tredde perioade makke Roope Nikkilä it earste en iennige Fryske doelpunt. De Flyers rekken better op dreef. Krigen mear flair. Mear oertsjugeing. Miskien wie it de moed der wanhoop.
Einstân: 3-1
16:14
UNIS Flyers fierder achter: mei 3-0 de lêste perioade yn
Nei de twadde perioade liket de wedstriid al beslist. Den Haag stiet no foar mei 3-0.
De doelpunt kamen op namme fan Jeffrey Melissant en Joey Oosterveld. Hearrenfean krige wol kânsen, mar de keeper fan Hijs Hokij liet de puck net troch.
UNIS Flyers moat der hurd oan lûke om de wedstriid noch te kearen. Noch 20 suvere minuten te gean.
15:54
Nyck de Vries nei testwykein: "Ik denk dat we veel werk te doen hebben"
In wykein fan testen sit derop foar Nyck de Vries. Kommend wykein makket er syn debút as fêste koereur yn de keningsklasse fan de autosport, de Formule 1.
"We hebben veel geleerd dit weekend", seit De Vries by de NOS. "Veel geprobeerd ook."

"Het is moeilijk te zien waar we nu staan", seit De Vries. "Alles is relatief."
"Wij kunnen wel denken dat we veel progressie geboekt hebben, maar als de rest dat beter heeft gedaan, is het voor ons niet goed genoeg."
De Vries rjochtet him net op de topplakken, mar op de middenmoat. It 'midfield' neamt er dat. Hy praat heal Ingelsk.
"Het midfield is heel erg tight. Iedereen zit heel dicht bij elkaar. Het zal van er weekend tot weekend van afhangen wie de omstandigheden het beste past. Het gaat krap worden daar."
"Ik denk dat we veel werk te doen hebben"
15:39
Flyers op achterstân nei earste perioade (1-0)
Nei de earste perioade stiet Hearrenfean mei 1-0 achter yn de wedstriid tsjin Den Haag, troch in doelpunt fan Chad Niddery.
De westriid bestiet út trije perioade fan 20 minuten suvere tiid. Noch 2 kear 20 minuten te gean dus yn de finale fan it iishockey.
De UNIS Flyers kamen yn de lêste minuten fan de earste perioade yn in oertalsitewaasje telâne, neidat ien fan de tsjinstanners twa minuten op de bank sitte moast nei in gefaarlike beweging mei de stick, mar dêr koene de Friezen net fan profitearje.