It sykjen kin begjinne: dit bart der as it earste ljipaai fûn wurdt

In ljip yn it fjild © Shutterstock.com (Erni)
Maart stiet foar de doar en dêrmei begjint ek de striid om it earste ljipaai. Mar watfoar protokollen jilde by it aaisykjen? En wat moat dêrfoar yn gong set wurde? It BFVW hat syn plan klearlizzen.
Yn totaal hat it Bond Friese Vogelwachten (BFVW) sa'n 20.000 leden, fan wa't mear as 3.000 har aktyf ynsette foar it beskermjen fan fûgels. "Mar úteinlik besiket in pûl fan sa'n 100 fanatike aaisikers alle jierren it earste aai te finen", skat Inge van der Zee fan it BFVW yn.

Hjir meisto aaisykje

Wa't überhaupt in fynst melde wol, moat al oan in tal betingsten foldwaan. Sa moat it aai fûn wêze op in lokaasje en tiidstip wêrop't dat tastien is.
"Yn de praktyk wurdt faak by de hikke al oanjûn oft der op in stik greide socht wurde mei", leit Van der Zee út. Ek markearre is it reservaatslân fan de terreinbehearjende organisaasjes: Steatsboskbehear, Natuurmonumenten en It Fryske Gea.
Inge van der Zee, beliedsmeiwurker by it BFVW (Bond Friese Vogelwachten) © Omrop Fryslân
Aaisikers meie net sykje op in foerazjeargebiet mei guozzen. Dat ferbod is ek op hikken oanjûn, mar de perselen binne ek op de webside fan de provinsje te finen.
Yn alle Fryske gemeenten kin socht wurde, útsein Flylân. "Dêr is net in fûgelwacht en dêr binne ek hast gjin polders. Dus dêr kin it earste aai ek net fûn wurde."

Wannear't it earste aai fûn wurde mei

Yn prinsipe mei der by deiljocht socht wurde. Eartiids begûn it sykjen mei de provinsjale ûntheffing pas fan 1 maart ôf, mar hjoed-de-dei is dat net mear sa. In aaisiker mei úteinsette wannear't er wol.
Aaisikers stride net allinne om it earste provinsjale aai, mar ek om dy fan gemeenten. As it earste aai yn in gemeente fûn is, dan mei dêr net fierder socht wurde. It 'frije fjild' is sletten, dat betsjut dat de tiid fan neisoarch begjint: de registraasje en beskerming fan nêsten.

Finers moatte har ynskriuwe

De finer moat in jildige, papieren neisoarchpas hawwe en moat ynskreaun stean op bfvwregistraasje.frl. Dat jildt foar eltsenien fan 12 jier en âlder.
"Sa'n account yn it registraasjesysteem hâldt yn dat in aaisiker oansletten is by in lokale fûgelwacht", sa leit Van der Zee út. "Dêr moatte sy ek frijwilligerswurk foar dwaan. Fan it momint dat it earste aai fûn wurdt yn harren gebiet, dogge sy oant healwei july neisoarch." Wat foar wurk leden krekt dogge, is oan de lokale fûgelwachten.
Aaisikers op 'en paad © Omrop Fryslân
As in boer op eigen grûn in earste aai fynt, dan kin de fûgelwacht him in neisoarchpas jaan en wurdt de oanmelding op de bfvwregistraasje.frl regele. Yn ruil moat de boer wol neisoarch op syn lân tastean en oan alle oare betingsten foldwaan.
It fynplak moat wol tagonklik wêze foar alle registrearre aaisikers. As in neisoarger it allinnichrjocht hat om op in bepaald stik grûn te sykjen nei aaien, mei in fynst net erkend wurde.

It BFVW stiet op skerp

Wa't it earste aai fynt, nimt telefoanysk kontakt op mei it BFVW. It bûn hat trije fertsjintwurdigers yn de startblokken stean: Inge van der Zee, René van Dam en Henk de Jong. Sy wurkje thús of op it haadkertier fan it BFVW yn Wiuwert.
It bûnsburo fan it BFVW yn Wiuwert © Henk de Jong
Van der Zee is de earste op de list. "Ik soargje derfoar dat ik 24/7 berikber bin yn dizze perioade, as it ljocht is. Sadree't der in fynst is, spring ik yn de auto."

Dit bart der yn 'e greide

As Van der Zee op lokaasje oankomt, kontrolearret sy earst oft it fjild echt foar eltsenien tagonklik is en oft de finer in neisoarchpas hat. Dêrnei wurdt checkt oft it echt in farsk aai is. "Yn it ferline hat der wolris in grapmakker west dy't in aai fan in jier earder dellein hie. In âld aai dus."
Mochten der twa aaien op itselde momint fûn wurde, dan jildt it tiidstip fan it melden. Mei oare wurden: dy't earst yn 'e roef komt, hat kâns fan plak.
As de finer it aai yn it wachtgebiet fan syn eigen fûgelwacht fynt, set er de fynst sels yn it registraasjesysteem. Dat kin fia bfvwregistraasje.frl, mar hjoed-de-dei is it ek mooglik mei in mobile app. "Minsken hoege net mei in laptop it fjild yn", laket Van der Zee.
Wannear't de registraasje klear is, set Van der Zee de finer mei de fynst op de foto. De aaien meie hjoed-de-dei net mear meinaam wurde.
Wietse Jan Dijkstra by in twake yn de Warkumerwaard yn 2022 © BFVW
It earste Fryske aai kin ek it earste aai fan Nederlân wêze. Yn dat gefal bellet Van der Zee ek fuortendaalks Aad van Paassen fan LandschappenNL, dy't de lanlike koördinaasje docht. "Van Paassen wennet yn Noard-Hollân, dus foar't er yn de auto op lokaasje is, kin it noch wol efkes duorje. Yn prinsipe docht hy it protokol nochris oer."

De huldiging regelje

Dêrnei nimt it BFVW kontakt op mei de provinsje, om krekt te wêzen mei de assistint fan de kommissaris fan de Kening. Oan it begjin fan it jier is al checkt oft de telefoannûmers noch kloppe. "De provinsje stiet ek op skerp", seit Van der Zee.
As it aai let op de dei fûn wurdt, skoot de huldiging troch nei de folgjende dei. Ek wurdt de huldiging net mear op snein dien. "Mar de foarkar is fansels: sa gau as mooglik", heakket Van der Zee ta.
De finer fan it earste aai fan Fryslân krijt sûnt 1968 symboalysk de Sulveren Ljip en in oarkonde fan de kommissaris fan de Kening. Der sûnt 2003 is ek in spesjale priis foar bern yn de basisskoalleleeftiid: it Sulveren Polske. De finers fan it earste ljipaai fan in gemeente krije in oarkonde fan de boargemaster.
It Sulveren Polske fan ferline jier © Omrop Fryslân
De provinsje lit it byldsje meitsje, it BFVW soarget foar alle oarkonden, ek dy foar de gemeenten. Guon gemeenten jouwe sels ek noch in trofee of finerslean, mar dat is oan de gemeenten sels.

It wrâldkundich meitsjen

As de registraasje en huldiging regele binne, dan is it tiid foar it wrâldkundich meitsjen. "Wy stjoere in parseberjocht út mei in útnûging foar de huldiging, wy sette in berjocht op ús webside, ús sosjale media en ús registraasje-app. En wy jouwe it troch oan in pear fêste kontaktpersoanen fan de Fryske media."
De finer, kommissaris fan de Kening en de media yn it fjild yn 2020 © Omrop Fryslân
De gegevens fan de earste fynst wurde ek notearre yn in papieren mapke mei in skema, kaart en tabel.
Dizze ynformaasje tsjinnet ek wer de wittenskip: it Compendium voor de Leefomgeving nimt de gegevens oer. "Dêrmei sjogge je ek de gefolgen fan klimaatferoaring werom. Yn de ôfrûne 50 jier is de earste fynst gemiddeld sa'n 10 dagen nei foaren skood", seit Van der Zee.

De gemeentlike earste aaien

As der by de provinsjale fynst mar ien ljipaai yn it nêst leit, dan moat it earste gemeentlike aai noch yn in oar nêst fûn wurde. As der twa of mear aaien yn it nêst lizze, is likegoed it earste provinsjale as it gemeentlike aai fûn.
Hjir is it om te dwaan: de Sulveren Ljip en de oarkonde © Omrop Fryslân
Mocht it earste aai op ien fan de eilannen fûn wurde, dan betsjut dat ek dat Van der Zee op de boat moat. "Of eins wol, want it is just ek leuk", seit sy. By de gemeentlike earste aaien lit it BFVW har ôffurdigje troch de lokale fûgelwacht.

Tradysjes en terminology

De tradysje fan it ljipaaisykjen is al hiel âld, sels yn 1854 waard it earste ljipaai al oan de kommissaris fan de Kening oanbean. It earste aai waard ek wol oan de foarst sels jûn. It BFVW is yn 1947 oprjochte en telt op dit stuit sa'n 110 oansletten fûgelwachten.
It aaisykjen is omklaaid mei in eigen terminology. It kin in fynst wêze fan bygelyks in 'ientsje', 'twake' of 'trijke': dat betsjut dat der ien, twa of trije aaien yn it nêst lizze. As der fjouwer aaien lizze, set de ljip faak útein mei brieden. Dêrom hjit in nêst mei fjouwer aaien ek wol in 'broed.'
"Wy krije somtiden sels wolris foto's fan nêsten mei sân of acht aaien, mar dan giet it faak om twa fûgels dy't op itselde nêst sitte", seit Van der Zee. Betûfte aaisikers kinne it gedrach fan de ljip 'lêze' en witte sels hoefolle aaien der op it nêst lizze.
In ljip fan it manlik slachte kin in ûnder oare 'doffert' of 'hijke' neamd wurde, in froutsje in 'jokje' of 'sijke.' Hokker nammen brûkt wurde, hinget fan de regio ôf.
In pykje © Shutterstock.com (Bildagentur Zoonar GmbH)
Van der Zee fynt sels 'oer de wjuk draaie' de moaiste útdrukking yn de ljipaaiterminology. "In ljip is in echte loftakrobaat. As in ljip baltst, kin er him prachtich dûkeljend nei ûnderen falle litte." As er dan skerpe bochten makket, seit men dat de fûgel oer de wjuk draait. "Dat kinne je eins net oersette yn it Nederlânsk."

Yn de startblokken

Yn 2019 waard it earste ljipaai al op 28 febrewaris oantroffen yn Vegelinsoard. In lanlik rekôr: nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn.
Dochs ferwachtet Van der Zee net dat it earste aai him dit jier sa betiid oantsjinnet. "Sy foarsizze noch wat nachtfroast", jout sy oan. "Mar, je witte it noait..." It BFVW stiet yn elts gefal yn de startblokken.