Wêrom't Nyck de Vries gjin Max Verstappen is

Nyck de Vries op de testdagen yn Bachrein © Orange Pictures
Oer in wike set it Formule 1-seizoen útein. Dizze kear net mei ien, mar mei leafst twa Nederlanners. Of miskien better sein: in Limboarger en in Fries. Yn dit artikel sjogge we foarút en jouwe we antwurd op de belangrykste fraach: hoe goed is Nyck de Vries?
We kinne grif sizze: De Vries is in útsûnderlik talint. Hy hat de kwaliteiten om it fier te skoppen, mar ferlykje him net mei Max Verstappen.
Krekt as syn lângenoat makket De Vries syn debút by it team út Faenza, dat yn 2015 noch Toro Rosso hjitte en sûnt 2020 as AlphaTauri troch it libben giet. It susterteam fan Red Bull wurdt laat troch Franz Tost, doedestiids ek teambaas fan Max Verstappen.
Parallellen genôch, dochs is it net earlik om de twa tsjinoer elkoar te setten.
Max Verstappen is in klasbak en hat alles yn him om de bêste ea te wurden. Dochs wie der in tiid dat it mear oannimlik wie dat Nyck de Vries it earste Nederlânske F1-sukses boeke soe.
Krekt as Verstappen is De Vries in talintfolle karter. Hy wurdt wrâldkampioen yn de KF2- en de KF1-klasse (it alderheechste nivo yn de kartsport) troch jonges as Carlos Sainz (Ferrari) en Pierre Gasly (Alpine) te ferslaan. As jonkje fan 14 tekenet er in kontrakt by McLaren, it team dêr't er acht jier mei gearwurket.
Mar sa'n kontrakt jout gjin garânsjes. Nei't teambaas Ron Dennis dien jûn wurdt, wurdt it kontrakt fan De Vries net ferlinge. In grutte tebeksetter, want hy hat it op dat stuit al dreech. De oerstap fan de kartsport nei de autosport falt him bysûnder swier. Soms troch maleur mei materiaal, ek trochdat er mei himsels wrakselet.
Omdat er yn de kart alles wint, wurdt datselde fan him ferwachte yn de formuleweinen. De druk is ymmins. En it slagget him net syn kwaliteiten yn prestaasjes om te setten, wêrtroch't er lang nedich hat him in nije raceklasse eigen te meitsjen.

Ofskreaun

In soad minsken skriuwe him ôf, mar De Vries jout syn dream om de Formule 1 te heljen net op. Mar ek wannear't er Formule 2-kampioen wurdt, gewoanwei de springplanke nei de keningsklasse, steane de teams net foar him yn 'e rige. Dus kiest er in oar paad: Formule E (elektrysk race) en endurance racing (lange ôfstannen, lykas de 24 oeren fan Le Mans), wêrfan't er in soad leart.
Hy wint net allinnich as earste Nederlanner it prestizjeuze Formule E-kampioenskip, as reserverider fan Mercedes reizget er mei yn it kylwetter fan Lewis Hamilton. Dy sydstap docht him sa goed, dat er mear ûntspannen troch it libben giet. Hy is groeid. Net allinnich as koereur, ek as minske. Dêrtroch stiet er der wannear't it moat.
Op 11 septimber 2022, as ynfaller foar Alex Albon by Williams bygelyks. Sûnder wiidweidige tarieding einiget er dy race as achtste. Mei in bytsje gelok, dat wol. Mar gelok komt soms nei wa't der hurd foar wurket.
Nyck de Vries mei Williams-teambaas Jost Capito nei de Grand Prix yn Monza fan ferline seizoen © ANP
Oan lof gjin gebrek. Koereurs út binnen- en bûtenlân priizgje De Vries. Net allinnich om syn kwaliteiten, ek om syn ynset. Rap hat er altyd west, mar mentaal moat it ek goed wêze.
Alle rânebetingsten lykje no goed. De Vries sit goed yn syn fel. As er gewoan syn ding docht, him net te folle ôfliede lit troch media en de ûnûntkombere ferliking mei Max Verstappen, dan komme de resultaten wol. Dat kinne we De Vries wol tafertrouwe.
Mei syn 28 jier mei er dan relatyf âld wêze om in Formule 1-debút te meitsjen, syn trochsettingsfermogen en (libbens)ûnderfining komme him no fan pas. Hielendal yn ferliking mei teamgenoat Yuki Tsunoda. De 22-jierrige Japanner stiet bekend as ûnfoarsisber. Rap, mar grillich, wylst de Fries mear berekkene is.
Yuki Tsunoda, De Vries syn ploechgenoat dit seizoen © Orange Pictures
De Vries weaget syn kânsen, is in tinker. Hy lit neat oan it tafal oer en hat altyd it oersjoch. Dêr't ien as Verstappen alle risiko's nimt foar de oerwinning, giet De Vries foar it maksimaal helbere resultaat mei it each op it kampioenskip en it teambelang. Hoewol't De Vries ek bewiist dat er oer genôch lef beskikt om it duel oan te gean wannear't it echt moat.

Teambaas priizget technysk ynsjoch

Syn technyske feedback is boppedat sterk en detaillearre. De 28-jierrige hat koartsein alles yn 'e hûs om it team nei syn hân te setten, nettsjinsteande it feit dat teamgenoat Tsunoda alwer oan syn tredde Formule 1-seizoen begjint.
Wat dat oangiet, treft De Vries it mei AlphaTauri. It is in waarm nêst, familiêr. It feit dat de Fries de Italiaanske taal machtich is, sprekt ek yn syn foardiel, want dêr binne de Italianen tige gefoelich foar.
Mei de testdagen yn Bachrein sprekt teambaas Tost boppedat fol entûsjasme oer syn pupil: "Kinst oan alles sjen dat er ûnderfining hat en al in soad races wûn hat. Ik ferwachtsje gjin oanpassingsproblemen en tink sels dat er de earste race fuort al goed meidwaan kin."
Teambaas Franz Tost fan AlpaTauri © ANP
"Hy begrypt de technyske útdagingen fan in Formule 1-auto", seit Tost. "Dêrneist leau ik dat er ien fan de meast bedreaune koereurs is mei technysk ynsicht yn de auto. Wat dat oanbelanget, is hy beslist in oanwinst foar AlphaTauri."
Hoewol't it net hurdop útsprutsen wurdt, liket it in kwestje fan tiid foar't de Nederlanner de nûmer 1-posysje by it team opeaskje sil. Yuki Tsunoda ferslaan is dit seizoen it iennige dat telt. It moat gek rinne wol dat ûnderlinge duel net yn De Vries syn foardiel útpakke.
Mijn reis is enigszins ongebruikelijk en langer geweest dan bij anderen.
Nyck de Vries
Mar jou him de tiid. Hy is net ien dy't fuort knalle sil. Hy ûndersiket, fielt en bout. De Vries sil de Japanner hielendal dit seizoen noch net om 'e earen ride. Tsunoda hat ommers twa jier ûnderfining. Mar De Vries syn fjoer om dit slagje te litten is enoarm.
De Vries: "Ik vind het geweldig dat ik nu de kans krijg om mijn droom waar te maken. Mijn reis is enigszins ongebruikelijk en langer geweest dan bij anderen. Maar dat maakt me misschien ook meer dankbaar voor de kans en hongeriger om te laten zien wat ik waard ben."

AT04

Yn hoefier oft er sjen litte kin wat er yn syn marse hat, is lykwols ek ôfhinklik fan de AT04, de nije auto. Ferline seizoen einige AlphaTauri mei mar 35 WK-punten teloarstellend op it njoggende, it foarlêste, plak by de konstrukteurs.
Der wienen te folle útfalbeurten, wêrtroch't al betiid yn 2022 besletten waard de fokus te ferlizzen nei de nije auto. Kwa ûntwerp is der it nedige feroare.

Earste berjochten net ûnferdield entûsjast

De earste berjochten út Bachrein wei binne lykwols net ûnferdield entûsjast. Tsunoda meldt dat der stappen makke binne en dat de auto benammen yn rappe bochten better oanfielt. Tagelyk hat er it oer problemen mei de balâns.
De testtiden binne ûnderhearrich, omdat elk team syn eigen programma útfiert. Kilometers meitsje is it belangrykste, sawol foar it team as foar De Vries. Dy't, realistysk as er is, wit dat er dit seizoen net meidwaan sil om de prizen. Mar hy hat syn eigen doelen: punten skoare en syn teamgenoat ferslaan. Foldocht er dêroan, dan is syn seizoen slagge.