Terp fan de Takomst by Blije is klear: "Magisch, een beetje Stonehenge-achtig"

Terp fan de Takomst by Blije © RTV NOF, Koos Scherjon
Hy is klear en al aardich grien, de Terp fan de Takomst achterdyk by Blije. De terp moast it doarp mear mei de Waadsee ferbine. Yn july ferline jier waard er offisjeel iepene. Yntusken is hast alle wurk klear en rekket de terp begroeid.
It is in pittige kuier fan de seedyk nei de terp. In ferhurde dyk is der net. Dochs witte minsken it keunstwurk goed te finen, fertelt inisjatyfnimmer Harry Feenstra. "Wy sjogge wol dat hjir in soad minsken komme en as wy dan mei harren prate fine se it hiel bysûnder. It hat wat magysk, in bytsje 'Stonehenge-achtig'."
Troch de bytiden ekstreme waarsomstannichheden achterdyk krijt de terp wol wat foar de kiezzen. Ein ferline jier sloech by in stoarm in diel fuort. Dat is yntusken wer makke. It is saak dat de terp sa gau mooglik begroeid is. It gers soarget derfoar dat er steviger wurdt en better beskerme is tsjin waar en wyn, en yn dit gefal benammen wetter.

Elektryske wein

Besikers binne der neffens Feenstra dus genôch, likegoed minsken fan binnen as fan bûten Blije. Om de terp tagonkliker te meitsjen, komt der dit jier in elektrysk weintsje. De wein, dy't troch frijwilligers bestjoerd wurdt, moat ek minder mobile besikers by de terp bringe.