FIDEO: Ljochtsjestocht yn Harns út solidariteit mei Oekraïne

Ljochtsjestocht yn Harns
Om solidariteit sjen te litten oan de Oekraïners yn Fryslân wie der freedtejûn in ljochtsjestocht yn Harns. Sa'n hûndert minsken dienen mei oan de tocht.
It wie freed op de kop ôf in jier lyn dat Ruslân Oekraïne binnenfoel. De oarloch is noch hieltyd geande. De inisjatyfnimmers woenen mei de tocht sjen litte dat se meilibje mei it Oekraynske folk. De rûte gie troch de Harnzer binnenstêd. Ek waard der in rûntsje makke by de havens.