Miljoenen beskikber steld foar wettertechnology, ek foar WaterCampus Ljouwert

Wetsus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De WaterCampus yn Ljouwert kriget de kommende tiid goed 40 miljoen út it Nationaal Groeifonds. Dêrfan giet 35 miljoen nei wettertechnology-ynstitút Wetsus en 7 miljoen nei netwurkorganisaasje Water Alliance 7 miljoen, beide ûnderdielen fan de wetterkampus.
De tredde poat fan de wetterkampus kriget in noch ûnbekend bedrach. It Centre of Expertise Water Technology (CEW) hâldt him dwaande mei de oplieding fan minsken dy't yn de wettertechnologysektor wurkje wolle. Se dogge dat yn gearwurking mei de hegeskoallen yn Ljouwert.
Neffens direkteur Johannes Boonstra fan de WaterCampus is it jild út fûns krúsjaal foar it fuortbestean fan de wetterkampus.
Wetsus stekt it jild yn in ynnovaasjeprogramma en de netwurkorganisaasje Water Alliance brûkt it jild foar it omsetten fan nije technology nei ûndernimmerskip.

Flinke oppepper

Yn it Nationaal Groeifonds sit yn totaal 342 miljoen euro. Fan dat bedrach betellet it Ryk 135 miljoen, 106 miljoen komt fan bedriuwen en nochris 101 miljoen fan kennisynstellingen en gemeenten, provinsjes en wetterskippen.
De seishûndert bedriuwen en ynstellingen wolle de Nederlânske wettertechnologysektor in flinke oppepper jaan. En se ha ek as doel dat Nederlân de beskikking hâldt oer genôch en oer skjin wetter.