Nei in jier oarloch wit Sipke de Hoop: "Poetin sil syn folk noch lang lije litte"

Om trochgean te kinnen mei de oarloch, is Vladimir Poetin ree syn befolking flink lije te litten. Dat seit Sipke de Hoop, haaddosint Eigentijdse Geschiedenis oan de Rijksuniversiteit in Groningen (RUG). "Mei al dy militêren hawwe se in soad kanonnefleis."
Freed is it in jier lyn dat Ruslân yn de betide moarn Oekraïne binnenfoel. Sipke de Hoop siet in soad foar de telefyzje. "De ynvaazje siet deroan te kommen. It wie gjin ferrassing", seit de East-Europakenner.
Definsje útklaaid
Dat Ruslân de oarloch begûn, joech De Hoop wat eangst. "Ik wurkje foar myn wurk al jierren gear mei Definsje. Dus ik ken Definsje en de NAVO reedlik goed. Dêrtroch wit ik ek dat Definsje al jierren útklaaid is en dat we as Westen net taret wienen op dizze aksje fan Ruslân", seit De Hoop.
De Hoop seach lykwols ek dat Ruslân op de earste dei al fêstrûn yn Oekraïne. "As de luchtlâningstroepen it fleanfjild by Kiev yn hannen krigen, wie dy stêd fallen. Mar dat slagge net. No moasten de militêren oer de noardlike rûte út Wyt-Ruslân wei komme. Dêr kamen se fêst te sitten en koenen se tsjinhâlden wurde."
Fan tanks oant F-16's
"Wat my oant no ta it meast ferrast, is de ienriedigens fan it Westen. Poetin blykt dat ûnderskat te hawwen. It Westen giet mar troch mei it leverjen fan wapens. Goed materiaal. Nim de Leopard-tank. Dy kin om it sa te sizzen tsien Russyske tanks oan."
Diplomatyk rint Nederlân foarop om tanks en F-16's yn Oekraïne besykje te krijen.
Nederlân lit him op dit mêd goed jilde, seit De Hoop. "It begûn mei wat helmen en skermfesten. Mar stadichoan waarden we foaroprinners. Diplomatyk rinne we foarop om tanks en F-16's yn Oekraïne besykje te krijen."
Neist better materieel, binne de Oekraynske militêren ek better traind. Dat wurdt al dien sûnt it konflikt by de Krim, seit de haaddosint. Militêren fan de NAVO namen de Special Forces fan Oekraïne ûnder harren hoede. Mei dêrtroch operearje se oars as de Russen.
Op freed 24 febrewaris is it in jier lyn dat Oekraïne binnenfallen waard troch Ruslân. Omrop Fryslân stiet de hiele dei op radio, telefyzje en op de webside stil by de oarloch. Mei ûnder oare ferhalen fan de Oekraynske flechtling Dariia Merkotan, it doarp Haulerwyk dêr't fjirtich flechtlingen hieltyd mear yntegrearren yn de mienskip, en East-Europasaakkundige Sipke de Hoop oer wannear't de oarloch op syn rint.
"Oekraynske ûnderoffisieren hawwe bygelyks it foech om beslissingen te nimmen. It middenkader hat dêr in grutte ferantwurdlikheid. Dat soarget derfoar dat se fleksibeler binne en better ymprovisearje kinne", seit er. "As it bygelyks ferstannich is in offinsive aksje yn it fjild ôf te brekken, dan kin in offisier yn Oekraïne dat selsstannich ôfbrekke. In Russyske net."
"Boppedat is de kommunikaasje tusken de loftmacht en lânmacht stikken minder by de Russen. Yn in oarloch wolle militêren graach stipe fan de loftmacht as se nei foaren gean. By de Russen binne se dêr wat huverich foar. It kin samar wêze dat de loftmacht dan de eigen manskippen bombardearret."
Gefjochtsmoraal
Noch in wichtige pylder yn de oarloch, is de gefjochtsmoraal fan de soldaten. Ek dêryn binne ferskillen tusken de twa lannen, seit De Hoop. "De manskippen fan Oekraïne fjochtsje foar elke sintimeter. Dy witte dat as se gebiet ynleverje, de Russen in doarp besette kinne. Mei moarden en ferkrêftingen ta gefolch. Se ferdigenje harren eigen lân."
De wil om te fjochtsjen is yn Ruslân minder as yn Oekraïne.
De Russyske militêren hawwe in oare motivaasje. "Foar in diel binne it minsken út in achterstânsregio. Dêr't wurkleazens hearsket en in soad drankferslaving is. Dy kinne yn it leger yn alle gefallen salaris krije. Oaren binne wer út de finzenis helle, of wurde twongen. De wil om te fjochtsjen is by harren dan ek minder as yn Oekraïne."
'Net folle respekt foar minskelibbens'
"Wol hat Ruslân as foardiel dat it lân in ûnbidich soad militêren ta syn beskikking hat. Dêrmei kin Poetin hieltyd wer taslaan mei nije oanfallen. En dat soarget foar in soad slachtoffers. Mar dit lân hat net folle respekt foar minskelibbens. Dat wie al sa yn de tiid fan Stalin", seit er. "Mei al dy militêren ha se in soad minsken om te brûken as kanonnefleis."
Om dy reden kin Ruslân dizze oarloch noch lang folhâlde, ferwachtet De Hoop. "Poetin is nammentlik ree de Russyske befolking noch lang lije te litten."