Oekraïners en Friezen steane mei-inoar stil by ien jier oarloch yn Oekraïne

Fryslân stie stil by de oarloch yn Oekraïne, dy't eksakt in jier lyn begûn
Op tal fan wizen stie Fryslân stil by de oarloch yn Oekraïne, dy't no eksakt in jier duorret. Oekraïners fine it wichtich om werom te sjen, al binne guon sichtber rekke troch it momint.
Yn ferskate gemeenten waard de Oekraynske flagge omheech lutsen, om sjen te litten dat ús provinsje solidêr is mei it lân yn oarloch. Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen besocht sels de oanwêzigen op te moedigjen troch in wurdsje Oekraynsk te praten.
Ek yn in doarp as Haulerwyk binne de flechtlingen omearme. Der wenje sa'n tritich minsken út Oekraïne: sy wurdearje dat sy mei leafde opfongen wurde, al soene sy úteinlik it leafst werom wolle. De Oekraynske mienskip yn Fryslân hat dan ek mar ien winsk: frede.
Op freed 24 febrewaris is it in jier lyn dat Oekraïne binnenfallen is troch Ruslân. Omrop Fryslân stiet de hiele dei stil by de oarloch op radio, telefyzje en op de webside. Mei ûnder oare ferhalen fan de Oekraynske flechtling Dariia Merkotan, it doarp Haulerwyk wêr't fjirtich flechtlingen hieltyd mear yntegrearre yn de mienskip en East-Europasaakkundige Sipke de Hoop oer wannear de oarloch oant syn ein komt.