Derbynederlaach komt hurd oan by Cambuur: "De kater duurde veel langer"

It ferlies tsjin sc Hearrenfean hat syn spoaren efterlitten yn it Cambuur Stadion. Net allinnich bûten it stadion, mar ek binnen de muorren. It segryn is langer hingjen bleaun by de spilers fan de Ljouwerters.
Sjors Ultee hat as regel dat je 24 oeren nei in wedstriid bale of genietsje meie fan it resultaat. Snein ferlear Cambuur mei 2-1 fan sc Hearrenfean, mar troch it belang fan de Fryske derby bleau de teloarstelling folle langer.
Dat fernaam de trainer fan Cambuur by syn ploech. "De kater duurde veel langer dan de 24 uur die je normaal neemt", fertelt Ultee. "Dinsdagochtend merkte ik het chagrijn nog steeds wel en zelfs woensdagochtend merkte ik dat nog niet alles weg was."
De knop moat om by Cambuur nei de derbynederlaach, fertelt trainer Sjors Ultee
Mar de folgjende wedstriid stiet alwer foar de doar. Sneontejûn giet Cambuur yn Alkmaar op besite by AZ. Dat is de nûmer trije fan de earedivyzje en dus kin de ploech fan Ultee it boarst wiet meitsje.
De Cambuurtrainer is ûnder de yndruk fan de tsjinstanner. "AZ is een heel goede en betrouwbare ploeg. Ze doen weinig gekke dingen", fertelt Ultee. Neffens him leit de krêft fan de Alkmaarders yn dat se in soad rinaksjes meitsje yn de djipte. Harren oanfallers binne in soad ûnderweis, foel op yn de analyze dy't Ultee makke.
"Maar tegelijk zien we ook een ploeg waartegen je af en toe best kunt voetballen. We moeten durven te voetballen en we moeten het lef hebben om de bal te houden", seit Ultee. "Tegen Heerenveen raakten we de bal te snel kwijt, dat was ons manco."
De wedstriid tusken AZ en SC Cambuur begjint sneontejûn om acht oere. Omrop Fryslân docht ferslach út Alkmaar wei yn in ekstra sportprogramma op de radio, dat al om healweis sânen begjint.
Dêryn docht sportferslachjouwer Arjen de Boer ferslach fan sc Hearrenfean tsjin RKC Waalwijk. Dy wedstriid set om kertier foar sânen útein. Fan acht oere ôf docht sportferslachjouwer Andor Faber it kommentaar fan AZ tsjin Cambuur.
Der falt yn elts gefal ien wiziging te notearjen yn de opstelling fan Ultee. Mitchel Paulissen ûntbrekt tsjin AZ troch in skorsing. En boppedat is de middenfjilder ek noch siik wurden, dus hy hie dochs net spylje kinnen. It betsjut dat Mimoun Mahi syn earste basisplak krijt. Dêrtroch sakket Navarone Foor in liny nei it middenfjild.
Mooglik dat der noch mear feroare wurde moat. Alex Bangura die freed net mei oan de groepstraining. De oanfierder krige ferline wike yn it duel mei Hearrenfean in tik op it ankel. "We zullen morgen moeten kijken wat er mogelijk is", seit Ultee dêroer. As Bangura net spylje kin, is Sai van Wermeskerken syn ferfanger op linksefter.
Ek Silvester van der Water is noch in twivelgefal foar it duel mei AZ. Hy hat lêst fan de knibbel. Ultee: "Dat gaat wat op en af. Per keer moeten we bekijken hoe hij zich voelt."
Jamie Jacobs sil nei alle gedachten syn rentree meitsje yn de wedstriidseleksje. Hy is wer fit nei in blessuere. Jhondly van der Meer en Maxim Gullit sille der sneon net by wêze.