KNVB: fuotbalgemeenten moatte harren oan ôfspraken hâlde, alle útsupporters wegerje net earlik

It útfak fan it Cambuurstadion © ANP
Fuotbalbûn KNVB ropt gemeenten op om harren te hâlden oan it 'gemeentelijk handelingskader Voetbal & Veiligheid'. Oanlieding is dat de gemeente Ljouwert útpublyk wegeret by wedstriden yn it Cambuurstadion.
Yn dit kader steane rjochtlinen foar de tarieding fan wedstriden en de oanpak by oarderfersteuring. De boargemasters fan gemeenten dy't klups yn it betelle fuotbal hawwe, hawwe de rjochtlinen opsteld om ta dúdlike en foarsisbere maatregels te kommen as it dochs misgiet om fuotbalwedstriden hinne.
Gemeente Ljouwert wol dit seizoen gjin útpublyk mear yn Cambuurstadion
De gemeente Ljouwert besleat tongersdei om útpublyk te wegerjen by wedstriden yn it Cambuurstadion. Reden foar it beslút is neffens de gemeente de "aanhoudende en toenemende verstoringen van de openbare orde" om wedstriden fan Cambuur hinne.
Neffens de KNVB past dizze maatregel net binnen de ôfspraken. Dêryn stiet nammentlik dat in fuotbalgemeente supporters fan in útklup allinnich wegerje mei as der yn it ôfrûne seizoen ûngeregeldheden wienen. Ek in gemeente dêr't dy supporters in pear wiken letter nei ta soenen, mei supporters fan dy klup wegerje.

Petear mei fuotbalgemeenten

De KNVB fynt dat supporters fan de iene klup net de dupe wêze meie fan ûngeregeldheden by in oare klup. It fuotbalbûn wol dêrom yn petear mei alle fuotbalgemeenten om derfoar te soargjen dat der in oplossing komt foar dizze situaasje.